- 6 - De foarsitter seit dat hy de léste opmerking net sa goed begryptDe diskusje oer de húsfesting is yndied net nijDer is in finansjele foarsjenning troffen dy't letter wer opheven is. De romteneed foar amt- ners en publyk is net lytser wurden, dus sil der wat barre moatte. Tsjin dy achtergrûn is it beslút foar nijbou achter De Twine nommen. It is net goed om it byld dat der wol in pot mei jild stiet yn stân te hélden; it is allegear folie yngewikkelderIt antwurd op de fraach fan de hear Roorda oer de loskeppeling is dus ek net sa maklik te jaan. Nijbou komt ek net samar ta stén; de plannen foar de lokaasje achter De Twine moatte yntegraal beneiere wurde moatte. De ried sil him op in tal punten ek útsprekke moatte oer bygelyks de fraach of de gemeente seis bouwe wol of dat dat mei oaren, bygelyks de sport of it swimbad, moatte soe. In ferstannige rûzing jout oan dat op syn gaust 2002 der in nij gemeentekantoar wêze kin. Oant dy tiid bliuwt dus it probleem fan de húsfesting bestean. Bouwe achter it Riedhûs kin, sa as ek yn desimber sein is, net binnen 4 as 5 jier. Ynterne werskikkingen yn it gemeente kantoar binne net effektyf en net kostenbesparjend. It útstel fan it kolleezje is de foardieligste oplossing ófset tsjin ek oare kantoarge- bouwen oer. Tydlike húsfesting is djoer, dat is wier. Feilichheid boppe alles, dat fynt ek it kolleezje. It giet no om de heechst needsaaklike ferbetteringen. De ferwideringskosten sitte yn it pakket foar de kanto- arunits beflapt. De kwestje hier versus keap is dêr't it no om giet. It kolleezje wol twaddehénskeap net oanbefelje. Nei nijkeap is der nei twa, trije jier noch wol in wearde. Om op koarte termyn sa min mooglik jild út te jaan hat it kolleezje besletten om hier út te stellen. It kolleezje wol besjen oft twaddehéns hier ek ta de mooglikheden heart. Mevrouw Van den Berg vraagt om een schorsing. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 21.27 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 21.33 oere. Mevrouw Van den Berg zegt dat de fracties van Gemeentebelangen 2000, D66 en C.D.A. het voorstel willen amenderen. Er kan wel een krediet voor de veiligheid beschikbaar worden gesteld (f 120.000,00). De frac ties zijn vóór koop, maar op dit moment willen zij het krediet voor koop nog niet beschikbaar stellen. In de eerstvolgende commissieverga dering ontvangen zij graag van het college een voorstel over koop van tweedehands units Mefrou Santerna seit dat har fraksje it tige yn it kolleezje wurdearret dat der goed harke is nei wat yn de kommisje besprutsen is. De kommis- jeleden hiene graach wold dat it útstel ta hier de helte goedkeaper wê ze soe as keap. No blykt it lead om éld izer te wêzen. En omt regearen foarútsjen is, wa seit dat de termyn fan 2002 helle wurdt, fynt har fraksje dat de keapfariant better útkristallisearre wurde moat. De fei lichheid hat ek nea foar har fraksje in punt fan diskusje west. De foarsitter konstatearret dat der twa amendeminten lizze. As de ried niget nei de keapfariant wol ek it kolleezje wol werom nei it earste útstel oangeande keap. Ek foar de dúdlikheid nei de amtners ta wol it kolleezje wol hiel graach dat der jûn in beslút fait. De hear Roorda seit dat syn fraksje him oanslút by de V.V.D. As nijbou langer duorjen giet dan trije jier troch de ûnsekere faktoaren fan de yntegrale beneiering, is keap it foardieligste. Hy giet der fan út dat de riedskommisje sa gau mooglik op 'e hichte brocht wurde sil fan de stén fan saken oangeande de yntegrale beneiering. ried 18 april 2000/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 8