stellen leit. In kredyt foar in grut tal yngripende maatregels om de Bûtlânswei en omkriten feiliger te meitsjen. Dy yngripende maatregels hawwe lykwols somtiden oare effekten as dat men graach wol. Bygelyks de Albadawei en de Harstawei sille mear ferkear oanlûke. Ek sil it yn de Lege Geaen drok- ker wurde. De Albadawei komt út op de Snitserdyk en dat is in gefaarlik punt. Syn fraksje mist in fytspaad fan de rotonde oant de Twee Gemeenten en dêr is no krekt it measte ferkear. Dór is in protte fracht- en fytsferkear. It yndustryterrein yn Jirnsum is al net maklik te berikken en foar it frachtferkear soe in fytspaad dêr ek hiel noflik wêze. Syn fraksje hat ek muoite mei de ôfsluting fan de Bûtlânswei, mar sil dêr oer hinne stappe as der yn de Lege Geanen wat oan temjitte kommen wurde sil, troch bygelyks ûntheffings te jaan. Hy fersiket oan de maatregels ta te heakjen it oanliz- zen fan in fytspaad tusken rotonde en de Twee Gemeenten. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje wiis is mei it oanpakken fan de Bûtlânswei, al wie it better west dat earst it gemeentlike ferkears- en ferfiersbelied oannommen wie. Der is fan de Lege Geaen út nochal besoarge reagearre op it ôfsluten fan de Bûtlânswei. Men is fral benaud dat der te- folle auto's troch de doarpen gean sille. Syn fraksje tinkt dat dat wol tafalle sil. Mar om oan de ge- foelens temjitte te kommen tinkt hy dat de Lege Geaen nei foaren helle wurde moatte yn it 30 ki^ lometer sône-belied, dat sadwaande it foar it slûpferkear hiel ûnoantreklik wurdt troch de LegeJ Geaen te gean. It fytspaad dêr't de hear Janse op oan stiet fynt syn fraksje in goed idee. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje him yn prinsipe fine kin yn it útstel. De eangst foar in protte fer kear troch de Lege Geaen kin opheind wurde troch sa gau mooglik de 30 kilometer sône yn te stel le. De Snitserdyk sil wol drokker wurde en it soe moai wêze dat de oansluting fan Poppenwier óf in bajonetkrusing wurde kinne soe krekt as by de Blaue Tinte. De hear Postma tinkt dat by dizze kredytoanfraach in tal saken dochs breder beljochte wurde moat te. It giet om de Bûtlânswei, in lânbouwei A, sa is yn de ruilverkaveling beskreaun. In dyk foar lên- bouferkear, mar ek as ferbining tusken wenkearnen en tusken Grou en Snits. De doelstelling fan it kredyt is wol dúdlik. It giet bygelyks om te hege snelheden en 87% rydt hurder as 60 kilometer de oere. It is lykwols in 80 kilometer dyk, dus dê ris neat mis mei. In oare oanlieding is de grutte fer- kearsyntensiteit en in tredde punt is dat der gjin sprake mear is fan in agraryske ûntslutingswei. As dit útstel ôfwûgen wurde moat dat binne in tal punten fan belang: it eigen gemeentlike ferkear- en ferfierbelied, de ekonomyske mar ek de sosjale effekten foar de doarpen yn de Lege Geaen, de ef fekten fan de ôfsluting op de ferkearsdruk yn de doarpen, de funskjeoanpassing fan de dyk, de re laasje tusken doel en de te meitsjen kosten en de bining fan de doarpen mei de rest fan de gemeen te en it sintrumplak. Dan moatte ek de altemativen besjoen wurde. Alternativen dy't yn dit útstel met yn byld brocht binne. Syn fraksje komt ta it folgjende oardiel: it ferkears-en ferfiersbelied moat noch altiten fêststeld wurde, de ekonomyske en sosjale effekten binne net yn kaart brocht. De kwaliteit fan de ynfrastruktuer is fan essinsjeel belang foar de sosjale en ekonomyske Ontwikkeling fan it plattelân. Foar de Bûtlânswei fynt in funskjedegradaasje plak, dy't net winsklik is. Troch dizze kredytoanfraach wurdt ek foarútrûn op de behanneling fan de yntsjinne beswierskriften en dat liket him net krekt. De doarpen yn de Lege Geanen driigje amputearre te wurden fan it sintrum fan ús gemeente, Grou. Ek foar oare diken yn de gemeente jildt dat der slûpferkear is en dat der te hurd riden wurdt. Syn fraksje is posityf oer it grut ûnderhâld fan de Bûtlânswei. Hy is net foar it ôfsluten fan de dyk, mar it ynstellen fan 60 kilometer is foar him gjin probleem. Wethêlder Oosterhof is bliid mei de wurdearjende wurden fan de ried. It giet om in yngripende maatregel dy 't prima past yn it ramt fan "Duurzaam veilig". Grou bliuwt fansels berikber fan út de doarpen yn de Lege Geaen wei, fia de Snitserdyk. Der is in pear kear oerlis west mei de gemeente Snits. Op de hoeke fan de dyk nei De Potten en Gauw en yn Snits wurdt ai oanjûn dat men better oer de Snitserdyk gean kin. Yn it ramt fan it PVVP sil de Snitserdyk en ek de paralleldyk opwur- dearre wurde. De Snitserdyk sil op den doer in 100 kilometerdyk wurde. De provinsje lûkt dêr 4 as 5 miljoen foar út. Yn it ramt fan de GDU-regeling is it fytspaad fan rotonde nei de Twee Gemeenten Side 8 ried 16 maaie 2000/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 10