ynbrocht foar in subsydzje. De provinsje hat dat ôfwezen. Hy sjocht sa ek gjin oare regeling wêr't in subsydzje fan te ferwachtsjen is. Sa 'it no leit sil de gemeente dat fytspaad seis finansiere moat- te, bygelyks by de werynrjochting fan de Douwemastrjitte. Dizze plannen falie wol yn it gemeentli- ke ferkears- en ferfiersplan. Hy mient dat fuortendaliks mei de ôfsluting fan de Bûtlânswei de 30 km sône yn de doarpen ynsteld wurdt. Der sil twa kear in ferkearsmjitting dien wurde. En as dat nedich blykt te wêzen sille oanfoljende maatregels nommen würde. Der binne beswierskriften tsjin it ferkearsbeslút ynbrocht en dêr giet de proseduere dan ek oer. It kredyt foar de dyk kin wol be- skikber steld wurde. De hear Postma priuwt út de beantwurding dat alles al fêstlein is yn it ramt fan it plan "Duurzaam Veilig Dat fynt hy wat flau. It giet hjir om technyske oanpassings en ûnderhâld fan diken. Syn fraksje giet yn 'e pleit foar in mear yntegrale ôfwaging. It gemeentlik ferkears- en ferfiersplan mak- ket dêr ûnderdiel fan út, mar ek de ekonomyske en sosjale effekten soene meiwûgen wurde moat- te. Spitigernôch binne dy effekten net yn kaart bracht. Ek de bining tusken de doarpen yn de Lege Geanen en de rest fan de gemeente is in wichtich punt. Dêr wurde no letterlik en miskien ek wol figuerlik drompels dellein. De drompels yn de dyk tusken Wirdum en Swichum hawwe it selde ef- fekt mar wiene wol folie goedkeaper. Ek dy alternativen soene foarlein wurde moatte. Syn fraksje is net oertsjûge troch it kolleezje. De hear Aylces sit mei it dilemma dat de gefolgen op koarte, mar ek op langere termyn folie grutter binne dan it kolleezje tinkt. It soe him neat ferbaze as dit punt oer in pear jier wer op de wurklist fan de ried komt om de maatregels werom te draaien. Syn fraksje sil tsjinstimme. De hear Janse seit dat syn fraksje de tasizzing hawwe wol dat der in fytspaad tusken de rotonde en de Twee Gemeenten oanlein wurde sil. Hy wol eventueel in amendemint yn dy rjochtinq vn- tsjinje. De hear Van der Meulen freget oft de 30 kilometer sône fuortendaliks oanlein wurde sil of dat earst de mjittings ôfwachte wurde. Wat it fytspaad oanbelanget slút hy him oan by de wurden fan de hear Janse. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje op dit momint net oanjaan kin oft it fytspaad der komt as net. Der is gjin finansiering foar. De 30 kilometer sône sil fuortendaliks ynfierd wurde en mocht it nedich wêze dan sille der mear maatregels nommen wurde. De leefberheid en it toeristyske ferbliuw yn de Lege Geaen wurdt troch dizze maatregels opwurdearre. De hear Postma ynterumpearret dat de wethâlder blykber net it stik fan de Ried fan de Fryske Be weging lézen hat, dêr't in totaal oare fisy yn skreaun wurdt. Wethâlder Oosterhof hat dat net lézen. Ferkearsdrompels binne achterhelle. It kolleezje hat wol in yntegrale ôfwaging makke foar dit útstel. Grou is op alle mooglike manieren berikber, ek foar de minsken út de Lege Geaen. Ek de pleatslike belangen út de Lege Geaen wei koene har yn dit útstel fine. De foarsitter seit dat it kolleezje as it heal kin dat fytspaad tusken de Twee Gemeenten en de ro tonde hiel graach oanlizze wol. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje yndied de yntinsje hat it fytspaad oan te lizzen. By oare subsydzjemooglikheden sil it plan dêrfoar ek wer ynbrocht wurde. De hear Janse freget in tydiike sluting fan de gearkomste. Side 9 ried 16 maaia 2000/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 11