De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 23.25 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 23.30 oere. De hear Janse seit dat hy ynstimme kin mei as it kolleezje taseit út te sykjen wat in fytspaad kostet en dat it kolleezje dêr by de maitiidsnota op werom komme sil. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje dêrmei ynstimme kin. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan Gemeentebe langen 2000 wurdt achte tsjinstimd te hawwen. De fraksje fan de V.V.D. wurdt achte tsjin punt 1 stimd te hawwe. 5. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten. Nûmer 3: De hear Janse seit dat yn it ferslach stiet dat tydlik in tal skippen oanlein wurde sille. Hoe lang is tydlik? Dizze tydlike tastimming kin ek presedinten skeppe. Wethâlder Oosterhof seit dat it yn de lisplakkenferoardening tastien is dat der bedriuwsmjittich^ mear as ien skip oan de wâl lizze mei mei Ontheffing. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Utstel oangeande it gunnen fan it leverjen fan helpmiddels WVG. Wethâlder Bijlsma seit dat 12 fan de 14 gemeenten al ynstimd hawwe mei de gunning. Allinne Boarnsterhim en Achtkarspelen noch net. Dan wurdt der sûnder diskusje en persoanlike stimming neffens it utstel besletten. De foarsitter slút dan mei in wurd fan tank oan de riedsleden en de oare oanwêzigen de gearkom ste. Hy winsket eltsenien wol thús. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 11 july 2000, de siktaris <je foarsitter, (R.P. van der Starre) (Y. Dijkstra) Side 10 ried 16 maaie 2000/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 12