BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 16 maaie 2000 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meuten, A.P. Oosterhof (wethâlder), H.G. Postma! J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 1Ynkommen stikken. Nûmer 4: De hear Van der Meulen seit dat wat freed like op in grutte brân útgroeit is ta folie mear. Dizze brân is fan betsjutting foar in protte ynwenners fan Boarnsterhim. Syn fraksje komplimentearret it kol- leezje en de amtners mei de wize wêrop de foarljochting oan de ynwenners foarm krigen hat. Sjoen de omstannichheden hat de gemeente him op in goede manier ynspand. It soe goed wêze dat dizze ramp noch in kear evaluearre wurdt yn de kommisje. Syn fraksje is minder te sprekken oer de rol fan de minister fan LNV en de wize wêrop hy syn maatregels ta útfiering brocht hat. Dêrom tinkt hy dat it goed is dat de ried in moasje dêroer oannimt. Hy wol graach nei de earste sprekrûnte in tydl'ke sluting fan de gearkomste dat sadwaande de tekst fan de moasje opsteld wurde kin. De hear Zijlstra seit dat hy fan it begjin óf oan op 'e hichte wie fan wat der op it gemeentehûs bard is. It wie net altiten maklik de minsken te wurd te stean. De yndruk bestiet dat it hjir goed oanpakt is. Ek hy trunet oan op in evaluaasje yn in kommisjegearkomste. De minsken yn ús gemeente binne te let ynljochte. Der is gemysk ôffal de lucht yn gien. Hy begrypt net dat de ferantwurdlike minsken net earder de boargers ynformearre hawwe. Syn tank foar alle ynspannings fan it kolleezje en de amtners. It is blykber net slagge alle pleatslike belangen te ynformearjen. Dat soe miskien op in oa- re wize organisearre wurde kinne. Mefrou Santema sprekt earst har meilibjen út mei de gemeente Enschede, dêr't in ramp wie dy't ek minskelibbens koste hat. Har fraksje hat alle begryp foar de wize wêrop it kolleezje omgien is mei de berjochten oer de brân by ATF yn Drachten. Der is hiel gau hannele nei it earste berjocht dat de boargemaster krigen hat om 18.15 oere. Sy begrypt net goed wêrom de sirenes net gien binne. Har fraksje soe de minister fan LNV op syn ferantwurdlikheid wize wolle. Har fraksje betanket de boar gemaster en alle amtners foar alle wurk dat sy dien hawwe. ried 16 maaie 2000/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 3