Side 2 De heer Jonkers sluit zich aan bij alle complimenten voor het college en de ambtenaren. De ver ontwaardiging van zijn fractie gaat ten dele richting de minister van LNV en hij zal mede de motie ondertekenen. De verontwaardiging is eigenlijk nog veel groter over het feit dat pas 13 uur na het begin van de brand onze burgemeester op de hoogte is gesteld. Dat kan absoluut niet. Onze ver ontwaardiging richting de buurgemeente Smallingerland, die wel op een heel merkwaardige, laco nieke wijze onze gemeente heeft geïnformeerd, zal ook zeker onder woorden moeten worden ge bracht. Mefrou Veldstra tinkt wol dat de gemeente Boarnsterhim hiel korrekt optreden is yn in hiel koarte tiid. Sy jout in kompliment oan it kolleezje, de amtners en de besoargers fan Op 'e Hichte en it brief oan de féhâlders. Sy is benijd oft der ek wat oer de sirenes yn it rampenplan stiet, dat ek út de kast helle is. De moasje sil stipe wurde troch har fraksje. De foarsitter fynt it hiel noflik dat de ried tefreden is oer de dingen dy't bard binne. De boargemas- ter hat yn dit soarte fan saken in bysûndere ferantwurdlikheid. De boargemaster kin oansprutsen wurde op de fraach wat der freedtejûn nei 18.15 oere bard is. Ek fan de kant fan it kolleezje wol hy^ de kompliminten jaan oan de amtners dy't bûtengewoan profesjoneel wurke hawwe. Der is freed-f tenacht noch in brief útgien fan de trije boargemasters oan de minister fan LNV. Dêr is allinne fia de tillevysje in réaksje op kaam en dat is wol hiel krap troch de bocht. It wie better west as der mear begryp toand wie fan de kant fan de minister foar de ündernimmers en dat de minister flugger rea- gearre hie. Alles wat de ried dêroer sein hat ûnderfynt hy as stipe foar it brief fan de trije boarge masters. Hy wol net trede yn it momint fan alarmearing omt is net syn eigen ferantwurdlikheid is. Sûnt 18.15 oere is der yn Boarnsterhim in hiel protte bard. De trije boargemasters hawwe ôfpraten dat ek sy evaluearje sille. Sirenes gean allinne yn omskreaune earnstige sitewaasjes, as der byge- lyks in evakuaasje komme moat. Ek oer it lokale gebrûk fan sirenes binne yn Fryslân ôfspraken makke. De sirene koe net oansetten wurde omt der yn it begjin gjin bewiis wie en it rampenplan foarsjocht ek net yn it gebrdk fan sirenes. De foarsitter slút, op fersyk fan de hear Van der Meulen, de gearkomste tydlik om 20.25 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 20.40 oere. De hear Van der Meulen seit dat alle fraksjes meielkoar in moasje opsteld hawwe. De siktaris sil de moasje foarlêze. De siktaris lést de moasje foar: De raad van de gemeente Boarnsterhim, bijeen in vergadering op 16 mei 2000 neemt de volgende motie aan: 1De raad spreekt zijn verontwaardiging uit over het late tijdstip van informeren door de burge meester van de gemeente Smallingerland inzake de brand bij ATF in Drachten en de gevolgen daarvan voor de inwoners van de gemeenten Boarnsterhim en Littenseradiel. 2. De raad spreekt zijn ongenoegen uit over het niet adequaat reageren op de ontstane situatie door de verantwoordelijke ministers. 3. De raad ondersteunt het verzoek van de drie burgemeesters van de betrokken gemeenten aan de minister van LNV over de aansprakelijkheid voor de financiële gevolgen van de ministeriële besluiten van 12 mei 2000 jongstleden. De foarsitter seit dat de moasje it belied stipet dat oan 't no ta fierd is op ien punt nei, nammentlik punt 1 fan de moasje. As de ried him útsprekt oer de gedragingen fan de buorgemeente Smellin- gerlân is it wol sa dat it wêrom dêrfan net bekend is. Der kinne hiele goede redenen wêze wêrom pas om 18.15 oere de boargemaster fan Boarnsterhim ynformearre is. As boargemaster stipet hy punt 1 fan de moasje dan ek net; hy ûntriedt dat part fan de moasje. Hy wol op syn minst earst mei syn kollega boargemaster Van der Zaag prate. Hy hat der gjin ferlet fan al stevige stânpunten ried 16 maaie 2000/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 4