Side 5 zijn optiek uit het toonbaar maken van de Blikpôle door afbraak van de gammele en gevaarlijke boothuizen. In overleg met de eigenaar kan worden bekeken wat er op de Blikpôle gestalte zou kunnen krijgen, bij voorbeeld een gebouwtje voor Frisia, een horecapaviljoentje en wellicht een speeltuintje. Ook zou er nog eens met Rijkswaterstaat gesproken moeten worden over de strek dam. Fase 2b is wat hem betreft een hele kleine fase bestaande uit het maaien van het riet onder de steigers. De hear G. de Jong seit dat de fraksje fan it C.D.A. it projektrisseltaat te smel fynt. Mefrou Veldstra seit dat al yn in earder stadium oer de ynfolling fan dizze fase praten is. Der binne al in hiele rige farianten de revue passearre, mei neffens har al de tredde wethâlder as regiseuse. It posityfste is dat wentebou net mear besprekber is. It ramt foar dizze Ontwikkeling is al jierren be kend. Benammen de Blikpôle moat in iepenbiere funksje hâlde, in moetingsplak foar de eigen befol- king. Der moat nei de befolking harke wurde, sjoen alle brieven dy't sy Ontfongen hat de léste tiid. Projektûntwikkelders moatte bûten de doar hélden wurde om't dit it meast kwetsbere en unike plak fan Grou is. De ried sii seis de kaders oanjaan moatte. Der sil ek noch it ien en oar Ondersocht wurde moatte ear 't de projektopdracht útfierd wurde kin, sa as bygelyks de eigendomssitewaasje. De yntsjinne plannen fan ynwenners sille dêrby belutsen wurde moatte. Ek mei de rûnfeartûnder- nimmers fan Grou sil praten wurde moatte. By de rénebetingsten moat noch de tagonklikheid foar handikapten opnommen wurde. It is in miste kéns om op de steger by de Nieuwe Kade foarsjen- nings by de heechhouten foar handikapten, fytsers en minsken mei berneweinen ensafuorthinne op te nimmen. Har fraksje kin yn grutte halen akkoart gean mei it amendemint fan de fraksje fan de P.v.d.A. Op hokker termyn kin de ôfrekken fan de 1' fase fan it Wetterfront ferwachte wurde. Op hokker wize de f 140.000,00 oan advys- en juridyske kosten ta stén kommen binne is har net be kend. Har fraksje wol graach in taljochting dêrop en in spesifikaasje. It tariedingskredyt fynt har fraksje ek oan de hege kant. Mefrou Santema seit dat der yn de kommisje in wiidweidige diskusje west hat. Hast neat fan dy diskusje is werom te finen yn it riedsútstel. It amendemint fan de fraksje fan de P.v.d.A. sprekt har tige oan om 't oerlis mei de belutsenen hiel wichtich is. It útstel fan it kolleezje sil oanpast wurde moatte wol har fraksje dêrmei ynstimme. Wethélder Bouma seit dat der yn it kolleezje wiidweidich oer it útstel en de diskusje yn de kommisje praten is. Yn de kommisje is praten oer tal fan saken en details dy't yn it ferfolch noch oan 'e oar- der komme. De ried en it kolleezje wolle de 2' fase fan it Wetterfront opkreazje. It útstel giet oer de kaders fan it projekt. Dat is de haadline. It kolleezje hat ek hiel goed oanjûn mei wa't der allegear praten wurde moat, foardat der oan de details wurke wurde kin. Trochdat de wentebou út it plan weihelle is is ek in grutte finansjele drager weifallen. Yn it útstel stiet ek dat der mei de minsken dy't dér eigendommen hawwe praten wurde moat. Undersyk, sa as de hear B. de Jong oanjûn hat> is ek de yntinsje fan it útstel fan it kolleezje. It kolleezje hat der ferlet fan dat de ried de kaders oanjout wêrbinnen der mei alle belutsenen praten wurde moat. Sy tinkt net dat it te let is oer de strekdam te praten. As de ried wol dat de rûnfeartboaten op itselde plak bliuwe moatte dan is dat it útspraak fan de ried. It oansicht fan Grou is ynklusyf de beide rdnfeartboaten. Mar stel dat it par- kearbelied oanjaan sil dat der hielendal gjin auto's mear by it wetter komme kinne dan is dat in si- tewaasje dér't mei de ûndernimmers oer praten wurde moat. De gemeente hat te meitsjen mei in projektûntwikkelder, dy't dér eigendommen hat. Yn it ústel wurdt praten oer tagonklikheid foar fuotgongers. Miskien moatte de handikapten dér ek noch apart by neamd wurde. Fanwegen fer- plichtingen oan bewenners binne de heechhouten yn de steger léns de Nieuwe Kade kommen. Sy wol graach oerlis yn it kolleezje oer de tekst fan it amendemint. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om21.20 oere foar oerlis. Hy iepenet de gearkomste wer om 21.47 oere. ried 16 maaia 2000/abah/S

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 7