Side 9 De hear Ziilstra seit dat it frijmeitsjen fan 2 miljoen foar plannen by de A32, wylst der noch gjin konkrete plannen binne, by syn fraksje fraachtekens opropt. Sa'n wichtige Ontwikkeling dêr't it nije gemeentekantoar, de sporthal en it swimbad belutsen binne wol syn fraksje nau by belutsen wurde. Syn fraksje stelt dan ek út gjin blanko cheque te jaan oan it kolleezje. It jild kin dan it plan frijmakke wurde as it yn de ried west hat. De twa miljoen moat foarearst parkeard wurde yn de algemiene re serve. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 14.27 oere foar oerlis yn it kolleezje oer de beäntwur- ding. Hy iepenet de gearkomste wer om 14.43 oere. Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje mei de ried ferline jier oan de slach gien is mei de maitiidsnota mei as Onderwerpen wolwêzen, Onderwiis, miljeu en bestjoer. Dy konsistente line wurdt trochsetten. Sy is it iens mei de hear Zijlstra dat it giet om in rjochtingjowend stik. De maitiidsnota is in helder en in reëel stik. Sy hat noch wat dingen Otsocht oer de MiddelsérOte: op 27 jannewaris 1998 hat it kolleezje ynstimd mei de yntinsjeferklearring, yn febrewaris 1998 hat ek de kommisje 'VZW ynstimd mei it Ontwerp fan de ferklearring. It kolleezje hat besocht ferline jier by de begrutting it jild frij te spyljen foar it earste bedrach foar it Ondersyk. Dêrfan betellet Boarnsterhim rom 3% en dat is mar in lytse bydrage. It feit dat it oan de râne fan de gemeente spilet is net sa fan belang. It giet hjir om ien fan de wichtichste rûtes dy't aanst oanslút op de Steandemêst-rOte. In hiele protte gemeenten dogge mei en ek Boarnsterhim moat oan de MiddelsérOte meidwaan. As it konvenant oan de oarder is kin dêr yn de kommisje ynhâldlik oer praten wurde. Ferline jier is der f 38.000,00 beskikber steld om ta in beslút te kommen yn de ried fan desimber oer takomstige wentebou achter it RiedshOs en it nije gemeentekantoar. Der is mei de kommisje praten oer yntegrale duorsume ekonomyske Ontwikkeling yn gearwurking mei de ôfdieling sosjale saken. Ek gong it doe oer de Ontwikkeling fan de doarpen. Wat rûtes en arranzjeminten oanbelanget yn de rekreative sektor leit dat foar in grut part op it terrein fan de Ondernimmers. Der binne in protte suksesfolle saken op it mêd fan it doarpsbehear en in protte oare saken dy't wichtich binne foar de ynwenners. By de Blikpôle is ek in hekwurk setten. In DPO/totaalfisy wol it kolleezje graach dit jier realisearje. De hear Postma ynterrumpearret dat der al in DPO leit. Dat is oerlein by de realisaasje fan in bou- merk yn Grou. Wethâlder Bouma seit dat dat inkeld de oanset west hat, dy't no breder útsetten wurde moat. It stik dêr't de hear Postma op doelt sil as Onderlizzend stik brûkt wurde. Wethâlder Oosterhof seit dat in libbendige diskusje oer de maitiidsnota derby heart. As elkenien lyk tinke soe, soe elkenien V.V.D. stimme en dat is no ien kear net sa. It wenplan giet fierder de proseduere yn. Dêr is it wenjen foar senioaren in part fan. Friestins hat de Halbertsmavilla kocht en dêr in plan omhinne makke. It kolleezje wol graach in romtlike ynfolling foar it part fan Grou koart achter it RiedshOs. Dat sil ynkoarten, nei de simmerfakânsje yn de kommisje oan 'e oarder komme. Hanthavening dogge wy no wat oan en it kolleezje wol dêr mei fierder gean. Loftfoto's binne yn it ferline allinne fan it bûtengebied makke. It grienûnderhâld wurdt al jierren troch Westergo dien. It optimale dêryn is net maklik te berikken. It kolleezje is fan betinken dat it grienûnderhâld goed dien wurdt. Der binne ek noch gjin klachten binnenkaam. It grienplan is wol deeglik mear as in protte kaft en wat papier. It ferkearsplan komt nei de fakânsje yn behanneling. It kolleezje is dwaande mei in stappenplan foar it aktualisearjen fan de bestimmingsplannen. Wethêlder Biilsma seit dat it kolleezje bliid dat der yn de maitiidsnota romte fûn is foar wolwêzen en Onderwiis. Hy is ynnommen mei de útspraak dat de fuortgong fan de nijbou fan de OSG grutte prioriteit hat. De mearjierrenplanning ûnderwiishúsfesting is noch net hielendal klear. Dat hat in tal oarsaken: de brân yn Warten; de learlingenprognoazes en de ryksmaatregel ta ferlytsing fan de standaard.dot/NL/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 13