klassen. It kolleezje is yn oerlis mei de sport Grou en der wurdt socht nei in definitive oplossing foar de romteproblemen en dat kin eins noch alle kanten op. Ek de suggestje om de sport nei Grou- Noard te ferpleatsen kin meinommen wurde. It kolleezje is der tige bliid mei dat it jongereinwurk no eins hannen en fuotten krije kin troch in goede profesjonele begelieding. De ferslachjouwing jout ek oan dat it goed wurket. Hy hopet net dat dit wer ôfbrutsen wurde moat. Foar it Uurcultuur komt der ynkoarten in útstel yn de kommisje. Der wurdt ek hurd wurke oan de yntegraasje fan jongerein- en ûnderwiisbelied. Dat belied hat in reiaasje mei it Akkommodaasjebelied. Yn de rin fan dit jier komt der in earste konsept dat nei de kommisje kin. Wat de sport en de Wvg oanbelanget is it sa dat goede dingen in protte tiid en oerlis freegje. Ek wat de Wvg oanbelanget hopet hy nei de sim- mer komme te kinnen mei útstellen. Yn de organisaasje wurdt der by wurken al hiel bot rekken hél den mei it oanpassen fan plannen foar handikapten. Yn septimber komt it kolleezje nei kommisje en ried mei it útstel oangeande handikaptenbelied en it oanstellen fan in koördinator. It kolleezje is fan betinken dat in kombinaasje fan binnen- en bûtenbad de foarkar hat. Yntern wurdt der yn it gemeentekantoar al ridlik folie Frysk brûkt wurdt. Nei bûten ta is dat noch net it gefal. It kolleezje hopet mei de útwreiding op B&S dêr wat oan dwaan te kinnen. De nijbou fan de bibleteek wachtet op in útstel nei oanleiding fan de oanbesteging. De 5 ton dy't dêrneist nedich is wurdt ôfdutsen troch it weromkrijen fan BTW. Uteinlik sil it gean om in ynvestearing fan heechút 1,5 ton. Yn sep timber komt hjiroer in útstel yn de kommisje. It brûken fan de reserve wolwêzendoelen hat in oan- jaachfunksje om ferskate ûntwikkelings trochsette te kinnen. De oanfragen fan it WVG-platfoarm komme yn in yntegraal útstel werom. In tal fraksjes fynt dat de f 150.000,00 foar de bibleteek út it grûnbedriuw komme moatte soe. It kolleezje is it dêr net mei iens om 't de bibleteek en de grûn dêrûnder altiten yn de algemiene middels sitten hat. De OSG is net ferplichte om by te beteljen no 't de skoalle grutter wurdt. De moasje oer de "witgoedregeling" riedt it kolleezje net oan om 't net bekend is hoefolle jild dat ekstra kostje sil. Der binne likernôch 110 húshâldings dy't gebrûk meitsje kinne soene fan de regeling. Op dit moment is der gjin finansjele romte om dit strukturiel op te nimmen. De foarsitter seit dat it kolleezje it tige op priis steld hat dat hast út alle fraksjes wei praten is oer it partikuliere inisjatyf. It kolleezje hat ek kennisnommen fan de opmerkingen oer de A32 lokaasje. Der moat no besjoen wurde oft der ek middels frijspiele wurde kinne en reservearre. De ried jout dêrmei gjin blanko cheque óf oan it kolleezje. Oer in pear jier soe dit betsjutte kinne dat der f 250.000,00 minder oan sporthal en swimbad betelle wurde moat. As de ried safier noch net is dat kin it jild ek yn de algemiene reserve setten wurde. It kolleezje komt yn it tredde kwartaal mei de kommunikaas- jenota. Yn dy nota kinne de moderne media in plak krije. Wa wit kinne stikken fia internet foar de boargers beskikber komme. De suggestje om de maitiidsnota yn in special fan Op 'e Hichte ferkoar- te wer te jaan fynt hy in hiele goedenien. De hear Smittenberg set stabiliteit! op 'e winkel passé) tsjin ynvestearings en stappen foarút oer. De foarsitter sjocht dêryn in bytsje in koerswiziging by D66. Stabiliteit sil tanimmende lésten opsmite en dy sille ek fertaald wurde moatte nei de boargers ta. Nei de simmer wurde der definityf knopen trochhakt oer de kommisjestruktuer ensafuorthine. Kosteleas beskikber stellen fan de stikken soe aanst bygelyks ek fia de moderne media en miskien in ekstra servicepunt yn de doarpen. De winsk is der dus wol, mar it moat ek betelle wurde. It kol leezje is fan doel om in stúdzjebyienkomst oer it rapport Elzinga te hélden. Yn formele sin sil der wat barre moatte oan it hûnestrontprobleem: De APV sil oanpast wurde moatte. Der sil in notysje oer dit probleem komme. De maitiidsnota is yndied in slutend stik. Om de ambysjes út it be- liedsprogramma wier te meitsjen moatte der ûnttrekkings út de algemiene reserve plakfine. De funksje fan de maitiidsnota is rjochtingjowend mar net frijbliuwend. It giet om de realisaasje fan it beliedsprogramma en de goede maat om dat útfiere te kinnen. De maitiidsnota is perfoarst gjin "gatenkaas" sa't de hear Smittenberg sei. It kolleezje hat kennisnommen fan de winsk fan de ried de OZB de kommende jierren net te ferheegjen. Oan de oare kant is der it winskenpakket en dêr sit dan in tal jierren in ferheging fan 2% oan fêst. As de moasje fan de P.v.d.A. oernommen wurdt dan betsjut dat dat de OZB 1 ferhege wurde moat en dus foar 2001 3,5%. It kolleezje fynt it dan ek Side 10 standaard.dot/NL/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 14