De hear Ziilstra seit dat fan de fiif punten dy't hy oansnien hat der trije foldwaande beäntwurde binne. Stean bliuwe de punten oer de blanko cheque en de moasje. Wat is earste oanbelanget be- grypt hy dat it kolleezje dat gjin brekpunt fynt. Oer de moasje sil mefrou Wegman noch wat sizze. Mefrou Wegman begrypt dat der wol ynhâldlike stipe is foar de moasje. Sy is dan ek teloarsteld yn de wethâlder dy't oan de moasje fuortendaliks in ferheging fan de OZB keppelet. Sy wiist dan ek op it oerskot yn 'e jierrekken. Sy kin har net foarstelle dat der gjin f 33.000,00 as minder te finen wê ze soe. De "witgoedregeling" wie trouwens ek al opnommen yn de útstellen fan sosjale saken. De heer B. de Jong zegt dat zijn fractie zeker niet tegen de Middelsérûte is, maar hij heeft moeite met de wijze waarop dit voorstel aan de raad is gepresenteerd. De raad is geconfronteerd, niet geïnformeerd. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 16.10 oere foar oerlis yn it kolleezje. Hy iepenet de gearkomste wer om 16.40 oere. Wethâlder Bouma seit dat der by de behanneling fan it konvenant oer de Middelsérûte yn de kommisje in wiidweidich útstel lizze sil mei de hiele foarskiednis. Yn desimber is der in rapport fan Oranjewoud west dêr't de ried de kar foar de A 32 lokaasje en wentebou achter it Riedshûs mei op basearre hat. De kosten dêrfan wiene f 38.000,00. De eigener fan de Blikpôle is oanskreaun en hat maatregels troffen. Wethâlder Oosterhof seit dat der fia De Kaai fragen binnenkaam binne oer wenjen foar handikapten. Op dit stuit fynt oerlis mei Friestins en De Kaai plak om dêr wat oan te dwaan. It ferlet oan senioarenwenten wurdt meinommen yn de wenplannen fan alle gemeenten. Loftfoto's binne likernôch 4 jier lyn fan it bûtengebiet makke en dêrom dus achterhelle. Der komt aanst in plan oer de ynfolling achter it Riedshûs en dêr wurdt it Wilhelminapark yn behelle. Yn septimber sil dat heechstwierskynlik yn de kommisje behannele wurde. Wethâlder Biilsma seit dat de OSG oarspronklik yn de mearjierrebegrutting ûnderwiishúsfesting stie foar 4,2 miljoen mar op grûn fan de learlingeprognoaze en in lyse ferheging fan de m2-priis nijbou no útkomt op 5,9 miljoen. It hinget fan de ynfolling fan de lokaasje óf oft it griene lisplak by it swimbad der wer komt. Literaard kin de ried dêr noch it nedige oer sizze. It is de bedoeling dat de jtwreiding fan de formaasje op B&S struktureel is om dêrmei mear dwaan te kinnen oan ûnder oa- ren de sport. It fûns wolwêzen wurdt de earste jierren dêrfoar brûkt. Yn de kommende hjerst sil dan einliks it akkommodaasjebelied oan de kommisje foarlein wurde. Der is tasein dat by de maitiidsnota besjoen wurde soe oft de "witgoedregeling" ek ynfierd wurde kin. Der is gjin tasizzing dien. De foarsitter seit dat der blykber wat betizing is oer de hichte fan it bedrach dat nedich is foar de jongereinwurker. F 150.000,00 is in optelsom fan struktureel en ynsidinteel jild. Op termyn sil der struktureel f 75.000,00 opnommen wurde yn de begrutting. It kolleezje fynt dat it nivo fan de al- gemiene reserve yn formele sin foldwaande is, krekt as de ferhâlding tusken eigen en frjemd jild. As de maitiidsnota net sa oanbean wie as bard is dan hie de ried terjochte it ferwyt meitsje kind dat it wol in slutend ferhaal wêze moat. As de ried in oare kant út wol dan kin dat sein wurde. Der kin net sprutsen wurde oer "een wankel financieel evenwicht" en "geen gezonde ontwikkeling". Dit is in helber ferhaal lykwols mei in heech ambysjenivo. It is noch net safier dat der ôfrûne gedachten binne oer nije projekten foar de jilden fan it Kompas voor het Noorden. As de ried fan miening is dat op dit momint de bedragen foar de A 32 noch net labele wurde moatte dan is dêr op himsels gjin beswier tsjin. Foar 2002 is al ynboekt dat de eksploitaasje fan de kombinaasje sporthal/swimbad mei f 250.000,00 ferminderet. Mei de gedachte achter de moasje fan de P.v.d.A. is it kolleezje it iens. De fraach is hoe't it realisearre wurde moat. It soe kinne troch de OZB mei 1,25% te ferheeg- jen. Op in oare wize is it jild net te finen. As de ried perfoarst de regeling ynfiere wol dan wol it kol- Side 13 standaard.dot/NL/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 17