leezje wol op him nimme te besykjen de 1,25% safolle mooglik nei Onderen te bringen. Dan noch de rekkenkeamer. It brief fan de kolleezjepartijen is yn de kommisje behannele. It risseltaat wie dat de rekken net fêststeld is en dat der ek gjin rekkenkeamer ynsteld is. De konklúzje wie wol dat it sa simpel mooglik moast. It útstel fan it kolleezje is in groeimodel. De moasje fan Gemeentebelangen wol eins fan de flier op 'e souder. It kolleezje riedt dan ek dy moasje óf. It kolleezje fynt wol dat de jierrekken sa gau mooglik fêststeld wurde moat. Hy stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Mefrou Veldstra freget om in tydlike sluting fan de gearkomste. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 17.03 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 17.15 oere. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje útstelt de moasje fan Gemeentebelangen werom gean te litten nei de kommisje en te belûken by de fêststelling fan de jierrekken. De moasje fan de P.v.d.A. wol har fraksje stypje foar dit jier. Sy freget it kolleezje mei in oplossing te kommen dat sadwaande by de beliedsbegrutting 2001 der in útstel leit. De hear Postma seit dat yndied de moasje fierder giet dan it útstel fan it kolleezje. Gemeentebelan gen is yn 1998 al mei it idee fan in rekkenkeamer kaam. Yn ien fan de léste kommisjegearkomsten is wiidweidich praten oer it útstel fan de hear Roorda. Yn de moasje is dellein wat dêr besprutsen is. It útstel fan it kolleezje en de moasje rinne op in grut tal saken parallel. De moasje wykt óf op it punt dat der mear saken binne dêr't de rekkenkeamer him mei dwaande hâlde kin. De ried hat it foech en de taak it kolleezje te kontrolearjen en om dan útsteilen oan it kolleezje foar te lizzen liket him wat krom. As der mei de rekkenkeamer ynstimd wurdt moat der ek de finansjele romte wêze om de taken út te fieren. Mevrouw Van den Berg zegt dat het collegevoorstel over de rekenkamer duidelijk is, evenals de motie van Gemeentebelangen. Haar fractie wil beide, collegevoorstel en motie, in de commissie terug laten komen. Haar fractie steunt de motie van de P.v.d.A. Mefrou Santema seit dat har fraksje der by bliuwt dat de OZB net ferhege wurdt. De hear Ziilstra seit dat syn fraksje ek fynt dat de moasje fan Gemeentebelangen yn de kommisje behannele wurdt. It is him net hielendal dúdlik wêr't de f 250.000,00 (lokaasje A 32) foar nedich De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. As earste wol hy graach de moasjes oan 'e oarder hawwe. Hy begrypt dat de mearderheid fan de ried seit dat de moasje fan Gemeentebelan gen en it útstel fan it kolleezje tegearre yn de kommisje AS fan 3 july bepraten wurde moatte. Dan wurdt der persoanlik stimd oer de moasje fan de Pv.d.A. oer de kategorale bystên en it amendemint fan mefrou Veldstra. Mefrou Wegman seit dat dat amendemint oerienkomt mei de tekst fan de moasje. De heer Jonkers is van mening dat als er voor deze regeling wordt gekozen, deze ook structureel gemaakt moet worden. De foarsitter seit dat it kolleezje de moasje ófriedt. Side 14 standaard.dot/N L/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 18