Nei de persoanlike stimming docht bliken dat de moasje mei 10 stimmen foar en 5 dêrtsjin oan- nommen is. Tsjin stimd hawwe de leden Santema, Aukes, Jonkers, Postma en Oosterhof. Wethâlder Biilsma seit dat hy yn prinsipe foar de "witgoedregeling" is ûnder de betingst dat der in goede dekking is. Wethâlder Bouma seit dat ek sy foar de "witgoedregeling" is. Der is lykwols noch gjin struktureel jild fûn foar 2001By de begrutting foar 2001 moat dat dan wol regele wurde. Dan wurdt der stimd oer punt 1 fan it útstel. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie aantekening wil dat zij wel de ontwikkelingsrichting ondersteunt maar de financiële vertaling daarvan niet. De heer Smittenberg deelt deze mening. Mefrou Santema nimt oan dat it ferslach fan de kommisjegearkomste diel út makket fan 'e eslútfoarming. Der binne tefolle ûnderdielen yn it beslút dy't meitsje dat de ried letter mei hannen en fuotten bûn is. De hear Postma seit dat rjochtingjouwend dochs ynhâldt dat der noch mooglikheden iepen lizze, it kolleezje seit dat yn rjochtingjouwend ek eleminten mei in binend karakter yn him hat. Neffens him spoart dat net én rjochtingjouwend én binend. Syn fraksje him ynstimme mei in tal rjochtingen, mar der sitte in tal eleminten yn dêr't noch in neiere ôfwaging oer plakfine moat. Hy freget it kolleezje noch oan te jaan wat no krekt rjochtingjouwend betsjut. De foarsitter nimt as foarbyld haadstik 2, jongerein en wolwêzen. Dan is de line dêr dat it kolleezje der op oan giet dat der in sitewaasje ûntstiet dat der aanst strukturiel jild is foar dit wurkfjild. As de ried dêr tsjin wêze soe dan soe dat ferskil fan miening mei it kolleezje opsmite. Yn haadlinen wurdt dêrby rûchwei de dekking oanjûn. Hy stelt út ta beslútfoarming oer te gean. As earste wurdt der stimd oer punt 1 fan it beslút. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it útstel mei 10 stimmen foar en 5 dêrtsjin oannom- men. Tsjinstimd hawwe de leden Santema, Aukes, Smittenberg, Van den Berg en G. de Jong. Dan komt punt 2 fan it beslút oan bar. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it útstel mei 8 stimmen foar en 7 dêrtsjin oannom- men. Tsjinstimd hawwe de leden Santema, Smittenberg, Aukes, Van den Berg, G. de Jong, Jon kers en Postma De hear Smittenberg jout oan dat hy wol foar de brêge yn Terherne is. It tredde punt fan it beslút. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it útstel mei 12 stimmen foar en 3 dêrtsjin oannom- men is. Tsjinstimd hawwe de leden Santema, Smittenberg en Aukes. Punt 4 fan it beslút: Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. De fraksjes fan C.D.A., V.V.D. en D66 wurde achte tsjinstimd te hawwen. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie tegen de onttrekking aan de reserve voor welzijnsdoe- leinden is. Dit geldt ook voor de heer Smittenberg en de fractie van de V.V.D. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 17.45 oer. Hy noeget de oanwêzigen út mei elkoar it miel te brûken. Side 15 standaard.dot/NL/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 19