BOARNSTERHIM gemeente UTNOEGING Grou, 1 septimber 2000. Oan 'e riedsleden fan 'e gemeente Boarnsterhim. Hjirmei noegje ik jimme út foar it bywenjen fan in riedsgearkomste dy't hâlden wurde sil op tiisdei 19 septimber 2000 om 20.00 oere yn it riedshûs oan de Stationsweg 1 yn Grou. De boargemaster fan Boarnsterhim, Dijkstra. W U R K L I S T 1It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 20 juny en 11 july 2000. 2. Ynkommen stikken. 3. Utstel tariedingskredyt útwreiding Wergea. 4. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten. 5. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbelút foar Stationsweg 36 yn Grou. 6. Utstel ta it nimmen fan in delegaasjebeslút yn ferbân mei it wizigjen fan de Wet op de Romt- like Oardering. 7. Utstel oangeande rekonstruksje en oanlis riolearring Douwemastrjitte yn Jirnsum. 8. Utstel ta it takennen fan planskea op grûn fan kêst 49 WRO. 9. Utstel om in part fan it Achterom 2 yn Akkrum oan te keapjen. 10. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it bestikkerjen fan de griene kontainers. 11. Utstel oangeande it wizigjen fan it ynsammelsysteem fan de reinigingstsjinst. 12. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan de skipsmotor fan de reini- gingsboat "De Anja". 13. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it oanskaffen fan in glêdensmeldsysteem. 14. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan struiynstallaasjes. utnoeging ried 19 septimber 2000/izsb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 1