De foarsitter iepenet de gearkomste wer om 20.00 oere. 4. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten. Punt 1 De hear Zijlstra seit dat al jierren lang tal fan organisaasjes foar geastlik en lichaamlik handikapten om in wenfoarm foar in groep fan harren pupillen yn Grou as Akkrum freegje. It âlde gemeentehûs like harren tige gaadlik. It die bliken dat Friestins net meiwurkje wol oan dit projekt. Troch no de wenbestimming fan dit gebou óf te heljen wurdt Friestins yn har ófwizing stipe. Om't ek it kolleezje syn hannen yn ûnskuld wasket wol hy it kolleezje oproppe ris yn 'e spegel te sjen en de ôfwachtsjende hâlding om te setten yn in aktivenien en no ta te sizzen dat no frijkommende wenienheden reservearre wurde foar de neamde groep handikapten. In better alternatyf soe wêze dat de ried no nee seit en it kolleezje opdraacht mei beide partijen om tafel te gean en ta in oplossing te kommen. Wethâlder Oosterhof seit dat de Kaai ferskate kearen op besyte west is. Ek is der oerlis west mei Friestins. It die bliken dat it âlde gemeentehûs te lyts is en net geskikt. Friestins hat tasein dat hy him ynspanne sil in geskikte gelegenheid te sykjen. Yn dat ferbân is Aid Friesmahiem neamd. Yn de âlde MAVO yn Akkrum is dat ek besocht, mar de doelgroep fûn dat te fier út it sintrum fan Akkrum De hear Ziilstra is wiis mei it antwurd fan de wethâlder en it feit dat der omtinken is foar it wenjen fan dizze doelgroep. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 5Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar aktyf boaiembehear. De hear Janse seit dat der mei de ynstruminten dy't no makke wurde sille ek wat dien wurde moat. Oars is it weismiten jild. Dêrom leit by dizze kredytoanfraach ek in plan fan oanpak en in projektopdracht. Yn it plan fan oanpak wurde trije senario's foarlein. Yn de projektopdracht wurdt útsteld senario ien fierder út te wurkjen. Mei it oannimmen fan dit kredytútstel ferplichtet de ried him min ofte mear akkoart te gean mei senario ien as twa. De fraksje fan de F.N.P. hie it korrekter fûn as yn it riedsútstel opnommen wie akkoart te gean mei de projektopdracht en dat ek de finansjele konsekwinsjes dúdlik yn byld brocht wiene. Dy moasten no socht wurde. Syn fraksje kin him lykwols fine yn it riedsútstel en yn de projektopdracht en de plan fan oanpak. De opsje fan senario twa wol hy iepen hâlde en de stappen fan de provinsje ófwachtsje. De hear Ziilstra seit dat de maitiidsnota op dit punt in stik dúdlikens skepen hat. Syn fraksje bliuwt lykwols fan miening dat der earst prioriteiten steld wurde moatte foardat der mei yndividuele plannen kommen wurdt. Syn fraksje kin wol ynstimme mei dit útstel. Wethâlder Oosterhof seit dat der no in standertpakket oangien wurdt. Boarnsterhim hat him oanbean as pilotgemeente en is ien fan de pear gemeenten dy't no jild ornearret om it aktyf boaiembehear no oan te pakken. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Utstel oangeande oankeap grûn yn Wergea. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. Side 16 standaard.dot/NL/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 20