Side 17 7. Utstel ta it beskikber stellen fan in tariedingskredyt foar ferskate riolearings wurksumheden. De hear Ziilstra seit dat it in goed útstel is. De yntegrale oanpak fan wurk mei wurk sjit kût. Alle lof. Gelokkich wurdt no ek de Douwemastrjitte yn Jirnsum oanpakt. Wethâlder Oosterhof is bliid mei de wurdearjende wurden. Mei de NLTO is de ôfspraak makke om ris in bergbesinkbassin te besjen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar ôfrûning doarpsfernijing Akkrum twadde fase. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 9. Utstel ta it wizigjen fan de mienskiplike regeling en feroardering bestjoerskommisje regionale brânwar en sintrale post ambulânseferfier. De hear Postma seit dat syn fraksje mei útsûndering fan de tafoeging fan lid 4 wol ynstimme kin mei it útstel. Yn de kommisje hat syn fraksje in krityske kantteken set by de passaazje dat foar it •eteljen fan rinte en ôflossing ensafuorthinne de gemeenten folslein en sûnder betingsten garant steane. Hy hat regelmjittich frege in maksimale ynspanning te dwaan om de saak finansjeel yn balâns te hâlden. Syn fraksje fielt der folie mear foar om op basis fan begruttingen en dêrby hearende aktiviteitenplannen konkrete budzjetôfspraken makke wurde. Dan wurdt der tenminste gjin blanko cheque óf. De foarsitter seit dat der seker gjin blanko cheque ôfjûn wurdt. It kolleezje is dwaande mei in ferhaal om noch kritysker de mienskiplike regelingen te folgjen. By artikel 4 wurdt allinne sein dat as der jildlienings oangien binne de gemeenten dy't mei-inoar de mienskiplike regeling foarmje en dus ek besletten hawwe ta it oangean fan dy jildliening, ek garant stean moatte foar de ôflossing. It giet de hear Postma dúdlik om in stasjon earder. De hear Postma seit dat it him fral giet om de eksploitaasjetekoarten, dêr't ek yn artikel 4 oer sprutsen wurdt. De hear Aukes dielt dizze miening. )e foarsitter seit dat ek in eksploitaasjetekoart it gefolch is fan besluten fan de mienskiplike regeling. Der binne altiten earst bestjoershannelingen foardat der wat bart. It bestjoer sil ek garant stean moatte foar de tekoarten dy't troch dy hannelingen Ontsteane. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksjes fan Gemeentebelangen 2000 en V.V.D. wurde achte tsjinstimd te hawwen. 10. Utstel ta oankeap fan grûn oan 'e noardkant fan Grou. Wethâlder Bouma set noch yn it koart del wêr't it krekt om giet: de gemeente keapet 11 ha grûn oan foar rom 2,4 miljoen ynklusyf de pachtfergoeding, ferkeapet 4,35 ha grûn oan Westerbaan foar rom 1 miljoen, keapet fan Knossen 25 ha foar 2,7 miljoen, ferkeapet 22 ha foar 1,2 miljoen. Uteinlik bliuwt der rom 2,5 miljoen en dat is de pleats fan Knossen mei 3,5 ha en krap 7 ha foar it bedriuweterrein mei de grûn dêr't it kanaal grûven wurde sil. De oankeappriis is f 24,80 de kante meter. De mearopbringst wurdt helle út de ferkeap fan de pleats. Mefrou Santema seit dat it yn 'e kommisje gie oer oankeap fan grûn ten noarden fan Grou. Dêr hat har fraksje gjin beswier tsjin. Buormans lân is mar ien kear te keap. It wurdt no tiid alles sa iepen- bier mooglik te dwaan. It is te koart om 'e hoeke om no efkes foar te lizzen wat der allegear oan- standaard.dot/NL/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 21