Side 19 Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje der alhiel gjin ferlet fan hat om op geroften yn te gean. Riedsleden kinne direkt oan it kolleezje freegje hoe 't it sit en sy krije dan daliks in antwurd. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 11Utstel ta it oankeapjen fan de wente Mounedyk 7 yn Akkrum. De heer Jonkers zegt dat een derde fase zonder de aanvankelijk voorgestelde rondweg geen derde fase is. Zijn fractie is daarom tegen de aankoop van deze woning. Mefrou Santema seit dat har fraksje yn de kommisje oantrune hat op in fisy fan de kant fan it kol leezje oer de rûnwei. Har fraksje wol graach dat der in rûnwei komt. Wethâlder Bouma seit dat dizze oankeap nedich is foar it realisearjen fan de tredde fase. Stel dat it net trochgiet mei de brege dan kin dochs dizze minsken fierder mei harren plannen op Spikerboor. De wente wurdt net earder sloopt dan dat der mei de tredde fase útein setten wurdt. In rûnwei kin allinne mar realisearre wurde as der wentebou komt en dat sil net barre foar 2010. Jan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan Gemeentebe langen 2000 wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 12. Utstel bondeling fan krêften gemeentlike oandielhalders Essent. De hear Ziilstra seit dat yn it kolleezjeprogram stiet dat de ynset foar megaprojekten beheind wurde moat. In bondeling fan krêften fan oandielhaldende gemeenten is noch de iennichste wei te besyk- jen in stim yn te bringen. Wer bliuwt de stim fan de boarger yn syn nutsbedriuwen? Is it kapitaal aanst allinne noch de baas? In besinning hoe fier at wy gean wolle soe net ferkeard weze. De foarsitter seit dat dúdlik wurden is dat in yndividuele gemeente net safolle mear ynbringe kin. Dizze bondeling fan krêften is noch de iennichste wei. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 13. Utstel oangeande de notysje beliedsútgongspunten hanthavening. De hear Janse seit dat syn fraksje him altiten sterk makke hat foar in goede hânhâlding, want "ûnder in goede hânhâlding is in oerheid net leauwweardich. Syn fraksje giet dan ek akkoart mei de terromming fan de opset. De heer Smittenbera wil graag een paar opmerkingen kwijt. Onder punt 2.3 is sprake van een ge doogbeleid met uitzondering van door het college vast te stellen gevallen. Hij vraagt of de raad kennis zou kunnen nemen van die uitzonderingsgevallen. Zit hier een verborgen beleidsuitspraak in? Bij 3.2 is er sprake van dat in principe tegen alle overtredingen wordt opgetreden. Wordt daar uitvoerig onderzoek naar gedaan of gaat het om een soort van quick scan door de afdelingen. Hij vindt dat vooral gebruik moet worden gemaakt van de know how en de ervaring van de mensen. Bij 3.6: het is natuurlijk zaak dat de beleidsprocessen en de procedures zo zorgvuldig mogelijk wor den vastgelegd. Hij denkt dat zo snel mogelijk naar standaardisering en misschien zelfs certificering toe gewerkt moet worden. Hij kan instemmen met het voorstel. De foarsitter seit dat wat de opmerkingen oangeande 3.2 en 3.6 oanbelanget in befêstigjend antwurd folstiet. De útwurking fan it belied sil mei útwurkingsnotysjes belein wurde. Hy notearret it as in winsk it ûntheffingsbelied sichtber te meitsjen en dat oan de kommisje mei te dielen. Hy stelt út dat yn de útwurkingsnotysje sa op te nimmen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens is útstel besletten. standaard.dot/NL/19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 23