BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 11 july 2000 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: Ofwêzich: Foarsitter: jiktaris: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meuten, A.P. Oosterhof (wethâlder), J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. de hear H.G. Postma de hear Y. Dijkstra, de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 1. It fêststeilen fan it ferslach fan de gearkomste fan 16 maaie 2000. It ferslach wurdt net feroare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Numer 3: De hearen Van der Meulen en Zijlstra freegje dit stik yn de kommisje te behanneljen. Wethâlder Oosterhof seit dit ta. Hy wol wol graach dat it antwurd al fuortstjoerd wurde kin. De foarsitter seit dat yn de kommisje oer stjoermêsten yn syn algemienheid fan gedachten wiksele wurde kin. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 3. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 4 Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar fuortgong OSG/bibleteek. Mefrou Weqman seit dat har fraksje graach oanfoljende ynformaasje hawwe wol. By punt 3.b qraach wol sy de tasizzing dat de Ôfrekken fan de foarfinansiering yn de kommisje werom komt. Har fraksje freget oft de datum fan 1 septimber 2001 noch hyltiten helber is. De ôfrekken.ng fan it BTW-foardiel wol sy ek graach yn de kommisje werom hawwe mei in neiere taljochting fan de behearsstichting. De heer Jonkers zegt dat het zijn fractie aan de ene kant zorgen baart dat de prognose in korte tijd met 30/40% is gestegen. Aan de andere kant geeft dit aan dat er een heel volwaardige scholenge- ried 11 july 2000/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 25