foardiel, as der neat dien wurdt, sil útkomme tusken de f 275.000,00 en de f 300.000,00. Wurdt der in behearsstruktuer fêststeld kin der sa'n f. 450.000,00 oant f 650.000,00 BTW-foardiel helle wurde. De foarfinansiering is dus eins in technysk ferhaal om't it letter net nedich blykt te wêzen troch it te heljen BTW-foardiel. Hy tinkt net dat de oantrekkingskracht út oare gemeenten sa grut wêze sil. Alders binne f rij harren bern nei de skoalle fan harren kar te dwaan. Der binne in twatal beswieren yn it ramt fan de R.O.-procedures. Beide beswieren binne net grûndearre ferklearre. Hy ferwachtet gjin konsekwinsjes foar de start fan de nijbou. De behearsstruktuer jout net allinne foar diel foar de OSG mar ek, fia de eksploitaasje fan it gebou, foar de bibleteek. 1 septimber 2001 is noch hyltiten in hurd gegeven. De heer Jonkers vraagt wat er gebeurt mocht de school onverhoopt niet klaar zijn. Is er een boete beding opgenomen, zo niet dan heeft hij daar grote vraagtekens bij. Hij vindt de beantwoording over de reserve welzijnsdoeleinden op zijn minst wat vaag. Zijn fractie vindt dat voorfinanciering met harde guldens en dus uit de algemene reserve moet. De heer Smittenberg constateert dat de bouw in planologische zin nog niet rond is. Het college spreekt slechts een verwachting uit. Wat de dekking van de voorfinanciering betreft sluit hij zich aan bij de heer Jonkers. Het BTW-voordeel is er blijkbaar ook voor de bibliotheek. Het hele bedrag kan dus straks niet ten goede komen van de OSG. Hij zal tegen de wijze van voorfinanciering stemmen. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje fynt dat der troch de tiidsdruk wat klungele wurdt mei de finânsjes. It kolleezje jout ferskillende antwurden yn de kommisjes. Syn fraksje fynt it net fer- stannich jûn in beslút te nimmen. Hy freget oft der in boetebetingst opnommen is. Achterôf in boe- tebetingst opnimme kin perfoarst net. Mefrou Wegman seit dat har fraksje ynhâldlik ynstimt mei it útstel, mar de beantwurding no is op punten oars as yn de kommisje. Har fraksje stelt út om útstel 3.b. nochris werom te bringen yn de kommisje. De foarsitter seit dat de soarch út de ried wei oer de foarfinansiering wol te begripen is. De dekking lykwols is deeglik. Nei de besluten fan jûn is der noch in bedrach fan in lytse 5 ton oer yn de reser ve wolwêzen. By de maitiidsnota is besletten f 360.000,00 ta te foegjen oan dy reserve. De útjefte fan dat léste bedrach sil sa stadichwei plakfine. De hurde gûnen binne dus oanwêzich. Om't de saak tige yngewikkeld is wol it kolleezje wol tasizze om dêr yn de kommisje nochris oer te praten. Wethâlder Bijlsma seit dat yn it bestek praten wurdt oer 52 wiken. It is wenst dat in boetebetingst pas oan 'e oarder komt by de gunning. De foarsitter seit dat as it giet oer de betingsten foar de gunning opnommen wurdt dat de wurkbere tiid net langer as 52 wiken wêze sil. Hy stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan de V.V.D. wurdt achte tsjin de wize fan oanbesteging stimd te hawwen. De fraksje fan it C.D.A. krijt de oantekening tsjin de ûnderdielen 1, 2 en 4 stimd te hawwen. De fraksje fan D66 wurdt achte tsjin it ûnderdiel 3.b. stimd te hawwen. 5. Utstel ta it fêststellen fan it beliedsplan Sosjale Saken 1999. Mevrouw Van den Berg geeft complimenten voor dit goede, volledige verslag. Ek mefrou Veldstra fynt dit in goed en dúdlik ferslach. Side 4 ried 11 july 2000/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 28