septimber in begjin fan it akkommodaasjebelied dêr't mei de ried en de organisaasjes oer diskusjear- re wurde kin. It feit dat Friens f 75.000,00 krijt rint foarút op de winsk fan de kommisje. It be- stjoer fan Pleatslik Belang hat oanjûn de oarspronklike begrutting fan 3 ton hanthavenje te wollen. De oanfragen leine op de ófdieling Wolwêzen om te foarkommen dat guon stikken fuortreitsje soe- ne. Der is neffens him gjin sprake fan geheimhâlding. Nei it ôflûken fan alle kosten en ek dit be drach is it sa dat der in bedrach fan f 486.000,00 oerbliuwt yn de reserve wolwêzen. Dat hie wol wat dúdliker yn de stikken stean kind. Mefrou Wegman betanket de wethâlder foar it antwurd. De yndruk soe bestean kinne dat har frak- sje der net foar is om sportakkommodaasjes mei te nimmen yn dit beleid. Dat is net sa. Hjir giet it yn guon oanfragen net om de akkommodaasje mar om bygelyks foarljochting. Har fraksje fynt dat foarsjenningen multifunksjoneel brûkt wurde moatte. Se is ek bliid mei it interaktive belied dat kommende wei is. Har fraksje wol graach sa gau mooglik by dat belied belutsen wurde en sy hopet net dat interaktyf betsjut dat der gjin diedkrachtige besluten nommen wurde kinne. De heer Smittenberg is blij dat er zoveel voor de verschillende dorpen kan worden gedaan. Hij hoopt dat de sport in het beleid terechtkomt. De kwaliteit van de aanvragen verschilt nogal. Een algemene subsidieverordening zou een heel goede zaak zijn. De Watersportvereniging Aldeboarn specificeert haar aanvraag niet en in veel andere gevallen worden niet-gespecificeerde aanvragen niet eens in behandeling genomen. Bij de ijsclub "De Wergeaster Reed" gaat het om een aanvraag achteraf. Hoeveel meer aanvragen achteraf kunnen wij nu verwachten? Hij stemt in met het voorstel met uitzondering van punt e. Mevrouw Van den Berg zegt dat dit voorstel f. 324.000,00 kost en daarna moeten nog gesprek ken met het veld worden gevoerd. Het interactieve beleid dat wordt voorgesteld kan ook inhouden dat het hele beleid nog weer in discussie komt. Hoe stelt het college zich dat voor? Wethâlder Bijlsma seit dat der in algemiene subsydzjeferoardering yn 'e maak is. Tagelyk mei de útwreiding fan de formaasje B&S hopet it kolleezje dat der tiid is om dy algemiene subsydzjeferoar dering oan de ried foar te lizzen. De oanfraach achteróf hat der al wol mear as in jier lein. Hy is der net sa bang foar dat hjirtroch in presedint skepen wurdt. It is net de bedoeling dat der, as der mei it fjild praten wurdt, it oer bedragen gean sil. It giet dêrby fral om it akkommodaasjebelied yn syn al- gemienens. De foarsitter stelt út om ta beslútfoarming oer te gean. Mevrouw Van den Berg vraagt of de Watersportvereniging Aldeboarn ook nog een gespecificeerde aanvraag moet indienen, net zoals Raerd voor het dorpshuis doet. Wethêlder Bijlsma seit dat it by it doarpshûs fan Raerd om in garênsje giet. Oan de wettersportfer- iening is frege om in spesifikaasje, dy't lykwols noch net binnenkaam is. Hy seit dat hjir yn de kommisjegearkomste fan septimber op werom te kommen. De foarsitter seit dat der sûnder spesifikaasje net betelle wurde sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De hear Smittenberg wurdt achte tsjin punt 3 stimd te hawwen. Side 6 ried 11 july 2000/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 30