BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 20 juny 2000 om 13.30 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, A.P. Oosterhof (wethâlder), H.G. Postma, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Ofwêzich: de manlju D. van der Meulen en J. Roorda. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. De leden Van der Meu len en Roorda binne behindere de gearkomste by te wenjen. Hy stelt oan 'e oarder: 1. It fêststellen fan It ferslach fan de gearkomste fan 18 april 2000. It ferslach wurdt net feroare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 3: De hear Janse tinkt dat f.k.o. net korrekt is, der wurdt om in antwurd frege. Vlefrou Santema wol graach dit stik yn de kommisje behanelje. Wethâlder Biilsma seit dat der op dit stuit wurke wurdt oan in útstel dat ek yn de kommisje behan- nele wurde sil. Nûmer 9: Wethâlder Biilsma antwurdet mefrou Veldstra dat der noch in antwurd op dit brief komme sil. Ndmer 10: De froulju Santema en Veldstra wolle de moasje graach yn de kommisje beprate. De foarsitter seit dit ta. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 3. Behanneling Maitiidsnota. De foarsitter jout it wurd oan mefrou Santema dy't as earste in algemiene skôging hâlde sil. Dêmei folgje de fraksjefoarsitters fan F.N.P., C.D.A., Gemeentebelangen 2000, D66 en P.v.d.A. standaard.dot/NL/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 5