Mefrou Santema seit: "It giet ekonomysk goed yn ús lân, it giet ynwenners en bedriuwen goed, it giet goed yn Boarn- sterhim. "Mar it kin better". Ja, dat sil eltse boarger sizze, oars soene we op de stoel sitten gean en achteroer leune. Dat kin net de bedoeling wêze. Nije ûntwikkelings wolle wy ynfolje en tal fan brêgen wolle wy slaan, sawol letterlik as figuerlik. Nije rûtes oer it lân en it wetter kreëarje as âlde werstelle. Der binne inisjativen fanút de befolking wei, sa as de farrûte Ljouwert-Wirdum-Eagum, dy't foar sawol reedriders as de lytse boatsjes in prachtrûte wurde kin. Jo moatte hjir op ynspylje. As jo ûnderhâld dogge oan de brêge oer it Eagumdjip dan is dat akkoart. Wy hawwe de middelsérûte dy't folget. De wethâlder kin dizze saken better earst yn de beslútfase ôfwikkelje yn stee fan wat no bart, op foarhân jild útlûke dêr't de ried yn al syn bridte him noch net oer útsprutsen hat. Wolle wy wol partisipearje yn in rûte dy't op de râne fan ús gemeente leit? Binne fyts- en fuotpaden net fan in likens as grutter belang foar de boargers en de toeristen? We kinne wol alles op de boatsjeminsken sette mar Boarnsterhim kint mear foarmen fan toerisme. (Fytspaad Garde Jagers wei- fytspaad Grou-Warten-Wergea). Nei de miening fan de V.V.D. moatte ûnderwiis en foarming liede ta mûnige boargers dy't harren ûntploaie kinne ta selstannige, frije boargers, dy't harren eigen libben rjochting jaan kinne en in plak fine kinne yn de mienskip. De jonge minsken binne de boustiennen fan ús gemeente. Wy fine dat de fuortgong fan de OSG-nijbou yn Grou grutte prioriteit hat; it is fan belang dat we de skoalle op tiid bouwe kinne. Wy stimme yn mei dit útstel. It ûnderewiis yn syn totaal stiet hiel wat yn te barren. Troch de brân yn Warten moatte we de plannen werskikke. It is dan ek fan grut belang dat de mearjierrenplanning húsfesting sa gau mooglik behannele wurdt. De sport yn Boarnsterhim en fral yn Grou sit mei romtegebrek. De hjoeddeistige sportfjilden binne oerbelêste, Grou is folboud en der binne in protte nije ynwenners. De V.V.D. is fan miening dat in takomstfisy foar Grou-Noard ûntwikkele wurde moat. Te tinken fait oan wurkjen, sport, ferkearsûntslutingen. Ek de âlderrein en fral de groep 55 wol op in oare wize wenje dan wat men no fine kin yn ús wentebestân. Wy wolle pleitsje foar senioarenwenten en ek de wenfoarm begelaad wenjen foar handikapten moatte we net ferjitte. Plannen foar achter it âlde Riedshûs as oare Ontwikkelingen fine wy as V.V.D. posityf. No't de Ontwikkeling nijbou gemeentehûs, swimbad, sporthal noch net dúdlik yn kaart brocht is en it kolleezje op foarhân in Otstel docht om it swimbad en de sporthal óf te stjitten en dêrnei f.250.000,00 te jilde te meitsjen foar needsaaklik achte aktiviteiten fan it ynvestearingsplan, dan is dat dizenich. Oftewol, we jowe 2,2 miljoen út, hawwe gjin sporthal en swimbad yn behear en sa as foarrekkene f 250.000,00 strukturiel te besteegjen oan wat wy foarhinne by it swimbad en de sporthal Onderbrochten. Hjir giet de V.V.D. net yn mei. De plannen moatte konkreter wêze, de ried wol seis in kar meitsje, reservearje foar it nije gemeentehûs. Ferkeapje de hûd net foardat de bear sketten is. Dit is ek fan tapassing op it ûnderdiel OZB. De V.V.D. hat al by de maitiidsbegrutting 1999 "Leefbaar Boarnsterhim" der op oantrune de OZB net te ferheegjen. No 't we belanne binne by "Levendig Boarnsterhim "is it temear winsklik dat de OZB net ferhege wurdt. De V.V.D. wol útstelle hjir net yn mei te gean mar it jild wei te heljen by jeugd- en jongerenwerk f 80.000,00. By kommunikaasje is harkje nei elkoar in earste eask. Kommunikaasje as foarljochting wurdt no dien troch ien persoan. Sa slûpendewei is der in twadde plak kreëarre. Dit kin net de bedoeling wêze. De V.V.D. docht hjir net oan mei. Ek de evaluaasje fan Op 'e Hichte is noch net yn byld brocht. Mocht it gemeentefûns net mei mear jild oer de brêge komme dan gean wy der net yn mei dat jo dit dekke út de ferheging fan de OZB. Dit wolle wy opfange troch de Post Communicatie net mei in twadde persoan yn te foljen. Wat de V.V.D. ek mist is het Uurcultuur. Der waard doedestiids hiel maklik tasein dat we f.7500,00 fine soene foar de skoallen. It bedrach fan f 7500,00 foar it Uurcultuur soene wy dekke wolle út de pot Wolwêzen. "Dokumintaasje stichting Boarnsterhim" is net beneamd. Mar de wethêlder hat tasein yn de kommisje om hjir mei in útstel te kommen. Dokumintaasje is foar it neiteam fan grut belang. Side 2 stand aard.dot/N L/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 6