Side 3 No 't we belâne binne by Simmer 2000, we hawwe yntusken de maitiid achter ús, fynt de V.V.D. it fan it grutste belang dat we net stilstean bliuwe mar foarútsjogge. Us riedsstikken de kommende jierren op Internet? Boarnsterhim Simmer 2000, we dogge mei. Fierder gean ik der fan út dat de útstellen dy't ik beneamd haw meinommen wurde foar de beslútfoarming en de beantwurding". Mefrou Veldstra seit: "yn 1999 wie de titel "leefber". Yn 2000 is keazen foar: "libbendich", in nota mei krachtige en dúdlike taal. In dúdlike koers, dy't oanjout wêr't wy foar komme te stean. 4 eleminten of te wol tema's krije in ekstra ympuls en steane sintraai te witten; wolwezen; ûnderwiis; miljeu; bestjoer en organisaasje. Op dit stuit binne wy op de helte fan dizze bestjoersperioade en der leit noch in ambitieus kolleezje wurkprogram oant 2002. In tal saken binne al yn gong set, oare saken krije in ferfolch. Wy geane op in pear ûnderdielen yn. It akkommodaasjebelied sil meikoarten syn beslach krije moatte. Foarút rinnende op dit belied, sille der (âlde) oanfragen alfêst yn behanneling nommen wurde, om yn de simmertiid oan de slach te gean foar in nije, frisse start yn it winterskoft. Wij trune der wol by it kolleezje op oan om op sa n koart mooglik termyn stâl te jaan oan dit nije belied. Je F.N.P.-fraksje trunet der by it kolleezje op oan om it petear, dat opstart is mei de sportferienings, sa gau mooglik ta in ein te bringen en dat der sa gau mooglik as it kin, ek der foar harren in oplossing is. Ek it W.V.G.platfoarm, hat in tal winsken dellein en wy hoopje dat dit ek op koarte termyn syn beslach krije sil. Ek it ynstellen fan in handikaptenried, sil dit jier út ein sette moatte, sa't tasein is. It jeugd- en jongereinwurk wurdt opnij begelied troch profesjonele stipe fan in jongereinwurkster, der binne dúdlike linen út set. Us fraksje is der tige mei ynnommen, dat der einlings in oanset ta dit belied makke is. Struktureel belied is dêrom winsklik. Efkes werom yn de histoarje. Ynwenners fan Grou, hawwe goed 20-jier lyn, mear as in ton f 100.000,00, byelkoar brocht (mienskipsjild), foar it festigjen fan in swimbad/sporthal. In "tûne by de yngong fan de Twine, is hjir in symboal monumint) fan. No is it momint oankommen om in beslút te nimmen, hoe moat it fierder mei it swimbad? Us fraksje is dan ek fan miening dat it swimbad op it selde plak bestean bliuwe moat. Ek in iepenloft bad moat bestean bliuwe, neist in eventueel takomstich oerdekt swimbad. It griene (boarters/lisfjild) moat bestean bliuwe. Mocht in oerdekt swimbad ta de mooglikheden hearre, dan moat it swim (entree) kaartsje wol betelber bliuwe. Soks moat yn in eventuele oerienkomst yn it foar fêstlein wêze. De telefoanyske enkête, dy't hâlden is Onder de ynwenners fan de gemeente jout gjin folslein byld. Der binne mar 215 ynwenners frege nei harren miening. It Onderwiis stiet yn Boarnsterhim goed op de rails. De oandacht foar it Onderwijs en benammen de skoallen is fan it grutste belang. Sa sil de nijbou fan de O.S.G. en de biblioteek dit jier út ein sette. Warten sil in nije basisskoalle krije. Yn Akkrum sille de plannen fierder út wurke wurde. De nota ûnderwiishúsfesting yn mearjierren perspektyf is spitich genôch noch net ree, wy sprekke de hoop út dat wy dy sa gau mooglik krije. De ried moat bestjoere op haadlinen en der sil de organisaasje harren op oanpasje moatte. Sa is in goede tarieding foar de kommisjegearkomsten fan grut belang. De rieds- en kommisje stikken moatte op tiid de doar út. In goede taljochting en ynformaasje moat sa folslein mooglik barre, yn iepenbierens om in goede ôfwaging fan de útstellen meitsjen te kinnen. En foarsitter, miskien heugd it jo noch; wolle jo de boargers aktyf by de polityk belûke, dan sil de ynformaasje-foarsjenning optimaal wêze moatte. Us fraksje, hat op 14 novimber 1996, in moasje yntsjinne om de riedsstikken fergees beskikber te stellen foar de ynwenners fan dizze gemeente. It kolleezje hat de moasje doe ôfrieden, want der soe belied makke wurde yn de foarm fan in kommunikaasjenota. Is it kolleezje ree om hjir meiwurking oan te ferlienen? It rapport Elsinga soe ek yn de kommisje behannele wurde. Op hokker termyn kinne wy dit ferwachtsje? De nije kommisjestruktuer rint goed, 2 kommisjes op ien jûn, al soe it wol winsklik wêze en ruilje de kommisjes WUK en W&R fan tydstip om. De kommisje WUK om 19.00 oere begjinnen te litten, ynstee fan 21.00, yn ferbân mei de regelmjittige besite fan it W.V.G. platfoarm. standaard.dot/NL/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 7