Side 8 10.Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it bestikkeijen fan de griene kontainers. 11 .Utstel oangeande it wizigjen fan it ynsammelsysteem fan de reinigingstsjinst. Op fersyk fan de hear Smittanherg stimt de ried der mei yn dat dizze beide útstellen yn ien kear be- hannele wurde. De hear Jansa seit dat dizze útstellen legere kosten en in effisjintere ferwurking opsmite. Dêrneist kin dit liede ta it Diftar-systeem, dêr't syn fraksje in grut foarstanner fan is. Syn fraksje sil dan ek foarstimme. Wethâlder Qnstarhnf seit dat de ferhâlding fan de kompartiminten sa is: 70% húshâldlik ôffal en 30% GFT.GFT-ôffal kin hiel bot ynelkoar perst wurde. It is noch mar de fraach oft it Diftar-systeem wol sa goed is. De hear Post ma seit dat de wethâlder net wjersprutsen hat dat der legere kosten binne. Hy fer- wachtet dan ek dat de reinigingsrjochten foar 2001 gelyk bliuwe as leger wurde. Wethâlder Oostarhnf wjersprekt dat wol. De kosten fan de reiniging wurde ek bepaald troch tred- den. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12.Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan de skipsmotor fan de reinigingsboat "De Anja". 13.Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar K oanskaffen fan in glêdensmeldsysteem. 14.Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan in struiynstallaasje. 15.Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan in frachtauto. Op fersyk fan de hear Smitten berg stimt de ried der mei yn dat boppeneamde útstellen yn ien kear behannele wurde. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens de útstellen besletten. 16.Utstel oangeande de ûntwerp-begrutting miljeutsjinst en tsjinst folkshúsfesting 2001. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 17.Utstel ta it fêststellen fan de begrutting 2001 en de meaijierrenbegrutting 2002-2004 fan it wurkfoarsjenningsskip "Westergo Bedrijven Franeker". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 18.Utstel ta it fêststellen fan in prostitúsjebelied yn de gemeente Boarnsterhim. De hear Rnnrria seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. Wol soe hy graach de neiere útwur- king fan de beliedsregels yn de kommisje behannelje wolle. Mefrou Valdstra seit dat har fraksje akkoart giet mei it útstel. Sy freget noch wol hoe't it komt mei bygelyks campers op parkearterreinen. Krekt as de hear Roorda wol ek sy graach de neiere útwur- king behannelje yn de komisje. De heer Smittanharg zegt dat zijn fractie kan instemmen met het beleid. Hij heeft zich al uitgespro ken over zijn zorg omtrent een waterdichte formulering in het bestemmingsplan en in de APV om te bewerkstelligen dat er niet meer dan één prostitutieinrichting komt. Hij denkt dat in het besluit moet staan dat de raad het beleid vaststelt en dat er niet alleen sprake is van instemming. ried 19 septimber 2000/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 10