Side 9 Mefrou Santwna seit dat har fraksje ynstimt mei it útstel. Sy freget oft der ek oerlis mei omlizzende gemeenten plakfynt. De fnarsittpr seit dat in tal saken werom komme yn de kommisje, sa as de APV. Der is yndied oer lis mei de omlizzende gemeenten oer hoe om te gean mei oanfragen oan de râne fan de gemeente. Der is tasein dat net allinne omtinken jûn wurde sil oan de formele kant fan de saak, mar dat be- socht wurde sil iepen flakken yn it belied ticht te meitsjen. De ried stelt it belied fêst. De tekst fan it beslút sil oanpast wurde. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 19.Utstel ta it fêststellen fan it jierferslach en de jierrekken 1999. De hear Pnstma seit dat yn de kommisje allinne de jierrekken besprutsen is, net it jierferslach en it sosjaal ferslach. Hoe no fierder? ~)e fnarsittar seit dat it jierferslach jûn net fêststeld wurdt. It sil op de wurklist fan de kommisje set ten wurde. De hear Pnstma is bliid mei dy tasizzing. De accountant hat sein dat wat de rjochtmjittichheid en de doelmjittichheid oanbelanget de jierrekken kloppet. De krekte Onderbouwing per kostenkategory ûntbrekt lykwols. De tasizzing is dien dat it foar de jierrekken 2000 allegear yn kalk en semint is. Yn de bylage reserves en foarsjennings wurdt in oar bedrach neamd as yn de jierrekken stiet. Byla- ge en jierrekken rinne dus net gelyk. As it dêr al fout sit, hoe sit it dan mei oare posten? De hear RnnrHa seit dat syn fraksje wurdearring hat foar de presintaasje en de gearstalling fan de jierstikken. Hy is bliid mei de tasizzing fan behanneling fan it jierferslach yn de kommisje. It is tige posityf dat it jierferslach oan alle ynwenners tastjoerd is. Hy is tige benijd nei de réaksjes. De fra gen dy't syn fraksje steld hat binne goed beändere. Syn fraksje sjocht út nei de neiere beskôging oangeande rjochtmjittichheid en doelmjittichheid. Syn fraksje hat it idee dat it mei it behearskjen fan de begrutting de goede kant út giet. De heer Rmittanhprg zegt in de commissievergadering een vraag te hebben gesteld over het gebruik 'an het egalisatiefonds reserve afval. Hij vindt dat in feite op pagina 55 bij de onttrekkingen aan re serves een toelichting behoort te worden gegeven. Hij bestrijdt ook dat dit egalisatiefonds gebruikt kan worden voor egaliseren van het tekort van het ophalen van afval in het merengebied. Hij hoopt dat de informatiecyclus in de toekomst versneld zal worden en dat het mogelijk wordt dat ook tus senbalansen en -rapportages worden gemaakt. De produktbeschrijvingen behoeven ook nog steeds aandacht. Hij vraagt wat het college gaat doen met de aanbevelingen van de accountant ten aan zien van de verliesgevende projekten in het grondbedrijf. Mefrou vostra seit dat noch krekt op 'e tiid alle stikken binnenkaam binne, wylst de jierrekken al op 17 april klear lei. Har fraksje giet der fan út dat de skóging oer de rjochtmjittigens en de doel- mjittigens wol yn de jierrekken 2000 stean sil. Ek fan it kompleks Boarnstee is de hichte fan it fer- lies noch net bekend. Op hokker termyn wurdt de ried dêrfan op 'e hichte brocht. Hoe heech binne de opbringsten fan de Hellingshaven. Is der noch it kâns dat it subsydzjebedrach foar Jongebuurt b.v. noch weromkomt. Herder is har fraksje fan betinken dat de post foarljochting út de hân rûn is, krekt as de eksterne personielskosten. Fan de 16 siden fan it jierferslach wiene der 10 yn de Neder- lânske taal en 6 yn it Frysk. Sy fynt dat tige posityf. De fnarsittpr seit dat der yn de kommisje tasein is dat de accountant oer de jierrekken 2000 net wer dy opmerking oer rjochtmjittichheid en doelmjittichheid meitsje kin. *Hy seit ta dat de réaksjes fan de ynwenners by de behanneling fan it jierferslach taheakke wurde sille. De hear Smittenberg rioH IQ eontimhar ?(inn/Q

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 11