BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 17 oktober 2000 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder), H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Ofwêzich: mefrou L. Veldstra-Lantinga Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 1. Ynkommen stikken. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 2. Utstel ta it wizigjen fan de bouoardering. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 3. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 4. Utstel ta it fêststellen fan in miljeubeliedsprogramma en it mearjierreprogramma. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje dit in deeglik stik wurk fynt. In stik dêr't út bliken docht dat wy op miljeugebied in protte wolle. Wethâlder Oosterhof betanket foar de wurdearjende wurden. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 5. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan it brêgewachtershúske yn Warten. De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei dit útstel. Hy freget omtinken foar de site- waasje yn Wergea. Ek dêr is in protte te ferbetterjen. Hy wol graach witte wannear't útstellen te ferwachtsjen binne yn de kommisje en eventueel it brêgewachtershúske yn Wergea opnimme yn de begrutting 2001 De hear Van der Meulen seit dat ek syn fraksje akkoart giet. It is spitich dat net earder ynsjoen is dat dit brêgewachtershúske mear ynhâldt dan in hokje delsetten. De easken wiene wol bekend en it hie dus gjin ferrassing wêze moatten dat it bedrach no safolle heger útfalle moat. Syn fraksje hie ek graach wollen dat de begrutting fan de oannimmer op besjen lein hie. ried 17 oktober 2000/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 17