Wethâlder Oosterhof seit dat it tiidspaad foar it opknappen fan it brêgewachtershúske yn Wergea goed yn gaten hâlden wurde sil. Mochten der yn de tuskentiid fia de ARBO-wet easken steld wurde dan sil dêr dochs oan foldien wurde moatte. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Utstel ta legalisaasje fan de jollesteger yn Grou. De hear Janse seit dat hjir achterôf legalisearre wurdt. Syn fraksje freget him óf oft it mooglik is minsken, dy't te let as net in boufergunning oanfrege hawwe in ekstra boete te jûn wurde kin bop- pe op de leezjes. Hy fynt eins ek net dat dat part fan de steger legalisearre wurde moat dat op in oar syn hiem leit. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje de sitewaasje op it plak besjoen hat. Hy is der net folie wizer fan wurden. Op grûn fan de papieren fynt syn fraksje dat de knoop trochhakt wurde moat. Wethâlder Oosterhof seit dat in boufergunning(publykrjocht) neat te krijen hat mei de eigendom fan in oar(privaatrjocht) De foarsitter sei dat de ried in boete opnimme kinne soe yn de leezjesferoardering, mar dat sil fan hegerhân net tastien wurde. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it utstel besletten. 7. Utstel foar frijstelling/legalisaasje leanbedriuw Prikwei 17 yn Aldeboarn. De hear Van der Meulen seit dat hoe't jo it ek besjogge it nea aardich is as der in leanbedriuw flak foar jo wente oer komt. Mar yn it belied fan de gemeente past it leanbedriuw dêr hiel goed. As it bedriuw dan ek noch oan de miljeubetingsten foldwaan kin dan moat de fêstiging dêr trochgean. Om oerlêst te beheinen bóten de normale wurktiden soe it leanbedriuw dochs rekken hélde moatte mei de buorlju. Wethâlder Oosterhof seit dat it tige spitich is dat dit sa út de hân rûn is. Der is wol besocht in op lossing te sykjen troch de reed oan 'e oare kant fan de pleats lâns te krijen, mar dat is net slagge. Dan wurdt der sónder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 8. Utstel oangeande it net-ûntfanklik ferklearjen fan in beswierskrift. De hear Janse seit dat der hiel soarchfâldich mei de bou-oanfraach foar stegers yn De Meer omgien wurde moat. Wethâlder Oosterhof seit dit ta. Dan wurdt der sónder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 9. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it hekwurk fan it tsjerkhôf yn Raerd. De hear Zijlstra seit dat as der yn Friens op tsjerkhóf wat barre moat dan betellet de tsjerke dat en hjir yn Raerd is dat net sa. Hy freget it kolleezje ris de ferskillen op in rychje te setten. De hear Janse seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel Onder betingst dat de wethâlder kontakt opnimt mei Pleatslik Belang Jirnsum oer it opknappen fan de tagong fan de tsjerke dêr. Side 2 ried 17 oktober 2000/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 18