bedacht, maar uiteindelijk een wassen neus. Er wordt ook gesproken over afspraken met de huur sector, in feite dus met Friestins. Hij wil een nadrukkelijk beroep doen op de gemeente om zich te realiseren dat Friestins niet één van de projectontwikkelaars is, maar dat Friestins een eigen verantwoordelijkheid heeft en er een andere relatie met Friestins bestaat dan met de projectontwik kelaars. In dat opzicht is goed overleg van groot belang. Het is hem niet duidelijk aan welke voor waarden moet worden voldaan als het gaat om de huizenpot voor knelpunten. Hij hoopt dat het gemeentelijke woonplan zo concreet is dat ook daadwerkelijk die huizen er komen. Wethâlder Oosterhof seit dat dizze koepelnotysje nei dreech oerlis ta stân kommen is. Mei mear yn- folling wie it ek hieltiten dreger west ta oerienstimming te kommen. De foarkarsposysje foar eigen ynwenners is juridysk hiel dreech te realisearjen. Oerlis mei Friestins moat der seker wêze. Ynkoar- ten is it konsept-wenplan klear en dan moat der ek oerlis mei Friestins komme. Der komme gjin ek stra wenten foar Meinga en Boarnstee om 't de kontinginten fêststeld binne. Yn 2004 sil der in we- rijking komme. Yn it wenplan kin de gemeente in eigen ferdieling meitsje. It kolleezje fynt dat de mooglikheid fan wentebou op de lytse doarpen der bliuwe moat. Wat de werstrukturearing oanbe- langet is Boarnsterhim net in rjochtstreekse gemeente sa as Ljouwert. Foar Boarnsterhim komt dat jild fia de provinsje. De hear Postma seit dat yn it wenplan fan de provinsje Fryslân "Wenjen yn Fryslân" gjin ferskil makketwurdt tusken in rjochtstreekse en in net-rjochtstreekse gemeente. Wethâlder Oosterhof seit dat it foar in net-rjochtstreekse gemeente folie dreger is dingen foarelkoar te krijen. In protte wenten yn werstrukturearingsgebieten binne eigendom fan, yn ús gefal, Frie stins. De hear Postma seit dat hy konstatearre dat de koepelnotysje in harnas wêze kin dan knelle kin. Dat priuwt hy ek wol yn de beändering fan de wethâlder. Hy fynt dat, dêr wêr't de eksterne om- jouwing hiel bot en hieltiten flugger feroaret, der op dit momint gjin ôfspraken oant 2010 makke wurde kinne. De rintiid is fierstente lang. Komt der in tuskentiidske evaluaasje yn 2004? Syn frak- sje soe dêr foar wêze. De hear Janse seit dat de hear Postma terjochte konstatearre dat syn fraksje foar fersterking fan de haadstêd is. Ljouwert krijt lykwols net alles samar, mar moat dêr foar fjochtsje. Dat hâldt harren ek skerp. Syn fraksje fynt de koepelnotysje gjin harnas. Hy is tefreden mei it antwurd oer Meinga en Boarnstee. Mefrou Santema seit dat in as in harnas goed ûnderhâlden wurdt, mei de oaljespuit derby en wat iepen oan de achterkant, dan kin it in hiel skoft mei. Har fraksje is bliid mei it omtinken foar it bou wen yn de lytse kearnen. Sy is ek foar in tuskentiidske evaluaasje yn 2004. It sprekt har net oan dat Ljouwert no in hiele protte te sizzen hat, bygelyks oer de kavelprizen. De hear Zijlstra seit in tal saken yn de koepelnotysje syn fraksje net teloarstelle; Boarnsterhim komt ridlik oan syn trekken. Hy hopet dat der ekstra kontinginten komme foar de senioarenwenten. Syn fraksje is foar in tuskentiidske evaluaasje. Foarearst stimt syn fraksje yn mei it útstel. Wethâlder Oosterhof seit dat earst de koepelnotysje yn de rieden fêststeld wurde moat foardat it OKL ûndertekene wurde kin. Oant 2004 hat Boarnsterhim aardich earmslach. Dan komt der ek in werijking oer de kwantiteit fan de wenten. De hear Postma seit dat der in griis gebiet sit yn it allinne kwantitatyf werijken. De hear Janse seit dat dat grize gebiet yn elts gefal gjin harnas is. Side 4 ried 17 oktober 2000/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 20