De foarsitter seit dat it grize gebiet ek goed benutten wurde kin, by de kwalitative en kwantitative evaluaasje yn 2004. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 13. Utstel ta it fêststellen fan it jierferslach learplichtwet. De heer Smittenberg zegt dat het een buitengewoon helder en goed opgezet verslag is. Het is in het belang van de jeugd dat de leerplichtambtenaar goed haar werk kan doen. Hij is blij dat het col lege zoveel mogelijk de aanbevelingen wil volgen. Hij vraagt of de aangekondigde uitbreiding voor deze taak binnen de bestaande formatie kan worden gevonden of dat daar bij de begroting nog in vulling aan moet worden gegeven. De hear Janse seit dat syn fraksje fêststelt dat de wethâlder en syn amtners de saken op ûnder- wiismêd aardich op streken hawwe. Dit jierferslach learplichtwet is ien fan de earsten fan de Fryske gemeenten. Hy hopet dan ek dat it ryk dit learplichtbelied net frustrearret troch te min jild beskikber te stellen. It ryk moat syn taak serieus nimmen en 100% finansiere. Mefrou Wegman jout út namme fan har fraksje in komplimint foar it ferslach. De learplichtamtner hat har wurk goed dien. Har fraksje stiet achter it útstel om hjir formaasjeromte foar op te nimmen. Mar dêr binne we der noch net mei. Terjochte stiet der yn de oanbefellings dat der relaasjes lein wurde moatte tusken de gegevens út de learplichtregistraasje en it lokale ûnderwiisbelied. It lokale ûnderwiisachterstânnenbelied, de aktitiveiten fan de Wiw en it wolwêzensbelied. Har fraksje sjocht graach útstellen oangeande it lokale sosjale belied yn de kommisje temjitte. Mefrou Santema jout ek in komplimint foar dizze startnotysje. Yn it riedsútstel stiet dat yn de rieds- kommisje sprutsen is oer in strukturele útwreiding. Sy mient dat der sein is dat de 16 oeren struk- tureel wurde moatte. Har fraksje is noch net safier dat der in folslein formaasjeplak foar lear plichtamtner komme moatte soe. Wethâlder Bijlsma seit dat hy de wurdearjende wurden oerbringe sil. Ek it kolleezje is bliid mei dit goede, folsleine jierferslach 1999, tegearre mei de gemeente Achtkarspelen as earsten yn Fryslân. De learplichtamtner, mefrou Visser, is op in wurkûnderfiningsplak tydlik by de gemeente yn tsjinst oant 1 jannewaris 2001Fanôf 1 jannewaris 2001 wurdt útsteld it hanthavenjen fan de learplicht struktureel yn te foljen foar 16 oeren, sa mooglik noch in pear oeren mear. Dat wurdt opfongen binnen in werferdieling fan taken, funksjes en oeren. As der dochs noch mear oeren by komme moatte soene dan komt it kolleezje wer werom nei de ried. It jierferslach jout in ridlik goed byld fan de learlingen fan 4 oantemei 17 jier. It is de bedoeling dat út te wreidzjen nei learlingen oant 23 jier en dêrtroch in oansluting te krijen by it lokaal ûnderwiisjeugdbelied. Yn dat ûnderwiisjeugdbelied wurdt ek in sosjale paragraaf opnommen. Op dit momint wurdt der noch net wurke oan in sosjaal beliedsplan. Mooglik dat dat der yn de takomst nochris fan komt. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 14. Utstel ta it fieren fan ferwar. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. De foarsitter slút om 21.10 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar harren by- drage oan diskusje en beslútfoarming. Hy winsket eltsenien wol thús. Side 5 ried 17 oktober 2000/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 21