gemeente BOARNSTERHIM N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 19 septimber 2000 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder), H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Ofwêzich: de hear F.G. Aukes. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra, iktaris: de hear RP. van der Starre. tasizzing) De fnarsittpr iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy seit dat de hear Au kes behindere is de gearkomste by te wenjen. Hy stelt oan 'e oarder: 1It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 20 juny 2000 en 11 july 2000. De ferslagen wurde net feroare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmers 6 en 11: Mefrou Santema wol graach dizze stikken yn de kommisje behannelje. De fnarsittfir seit dit ta. Nûmer 3: Mefrou vpidstra seit dat de opsomming fan ûnfeilige sitewaasjes foar fytsers miskien wol meinom- men wurde kinne yn it ferkears- en ferfiersbelied. Wethâlder Oosterhof seit ta dit te besjen. Nûmer 1: De hear 7ijistra fynt dat dit rapport net samar oan 'e kant lein wurde moat. Hy soe it taskikke wolle oan de oanbelangjende ôfdieling(s). Wethâlder Bijlsma seit ta dat hy it opnimme sil mei de bestjoerskommisje basisûnderwiis foar sa- fier it rapport it ûnderwiis oanbelanget. Nûmer 9: De hear 7ijlstra seit dat it belied oangeande stjoermêsten der no ek hast komme moat. ried 19 septimber 2000/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 3