Side 2 3. In tal skoallen yn de gemeente binne min tagonklik foar rôlstuollen. No' t bern mei in handikap langer yn de eigen omjouwing nei skoalle geane, moatte skoallen rôl- stoeltagonklik wêze. Der binne mar in pear skoallen, dêr' t troch nijbou of yngripende ferbou rekken holden is mei de tagonklikheid. De measte skoallen foldogge net oan de easken fan tagonklikheid. Hjir moat wat oan dien wurde. 4. Minsken dy t mar lytse eintsjes rinne kinne hawwe ferlet fan mear rêstplakken ûnderweis Ut de eardere ynventarisaasje fan it ûndersykburo SGBO (bylage 1) is dúdlik wurden dat der mear rêstplakken komme moatte. Rêstplakken jouwe minsken, dy't min op'e gong binne, gelegenheid om der dochs op út te gean. 5.1 Handikapten ûnderfine knipepunten yn' e gemeente. Al yn' e ynventarisaasje fan it SGBO yn 1997 (sjoch op besjen lizzend stik) binne der knipepunten oan it Ijocht kaam, dy't handikapten yn ús gemeente ûnderfine. Dizze knipepunten binne troch minsken út e doelgroep, mar ek troch ferienigings fan doarpsbelangen, oanjûn. Inkele knipepunten binne oplost, oare besteane noch, wylst der ek nije knipepunten by kaam binne. It doel is om in part fan de Wvg reserve te brûken om de kommende tiid knipepunten wei te nimmen. It doel is fan- seis dat wurk mei wurk makke wurdt. De kosten dy' t mear makke wurde moatte om de handikapte temjitte te kommen soenen út de Wvg reserve betelle wurde moatte 5.2. In advysfunksje foar de besteging fan dizze jilden leit by de klankboerdgroep. De klankboerdgroep dy' t de fierdere Ontwikkeling fan it handikaptenbelied yn' e gemeente mei op- set en folget krijt in ekstra taak by it besteegjen fan de Wvg reserve. Dizze groep, besteande út in fertsjinwurdiging út it Wvg platfoarm en de fierdere doelgroep, bystien troch in amtlik begelieder, advisearret oan it kolleezje oer it ynsetten fan middels om knipepunten wei te nimmen. Oer de wurklike besteging wurdt jierliks oan Ried ferantwurding ôflein. 6. It algemien handikaptenbelied moat hannen en fuotten krije Yn de amtlike organisaasje wurde tariedings troffen om algemien handikaptenbelied op te setten. Dêrfoar hat de Ried yn desimber 1999 in bedrach fan f 90.000,00 beskikber steld. Der binne al in tal saken dy' t oanjûn binne troch it Wvg platfoarm, dêr' t yn it ramt fan it handikapten belied wat oan dien wurde moat sjoch bylage 3). Troch no jild beskikber te stellen foar it útfieren fan it han dikaptenbelied, kin der op in krêftige wize útein set wurde. Fansels wurdt de Ried jierliks ynfor- mearre oer de wurklike besteging. 8. It jild dat oerbliuwt yn in egalisaasjereserve opnimme It jild fan de Wvg reserve, dat net brûkt wurdt moat opnaam wurde yn in egalisaasjereserve. Dizze reserve kin brûkt wurde foar yndividuele Wvg foarsjenning yn jierren, dêr' t it jierliks budzjet net ta- rikkend blykt te wêzen. De egalisaasjereserve kin ek brûkt wurde om knipepunten wei te nimmen of foar it algemien handikaptenbelied. Oer de besteging fan de egalisaasjereserve beslút de Red. Kanttekenings: 2. en 3. De oanpassings oan de skoallen kinne net op in oare wize finansiere wurd It oanlizzen fan handikaptentoiletten en it tagonklik meitsjen fan skoallen wurdt net finansiere troch de ûnderwiishúsfestingspot fan de gemeente. De ferskate skoalbestjoeren moatte dizze kosten op- bringe út har eigen ûnderhâldsbudzjet, sa as dat troch Londo noarmen beskikber is. Dizze jilden bin ne by lange nei net tarikkend om de kosten fan in handikaptentoilet of it tagonklik meitsjen fan de skoallen te beteljen Wvg besteding reserve advies/szpe/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 62