Side 4 De nije omskriuwing is: Te verklaren dat een facetbestemmingsplan wordt voorbereid voor de ves tiging van een prostitutieinrichting, waarin één of meerdere percelen worden aangewezen met als uitgangspunt dat maximaal één prostitutiebedrijf in de gemeente zal worden toegestaan. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it oanpaste útstel (oangeande nûmer 8). beslet- ten. 5. Utstel ta It nimmen fan In tariedingsbeslút foar Stationsweg 36 yn Grou. De hear Janse seit dat it syn fraksje net hielendal dúdlik is oft it no om perseel 36 en 38 giet. Ek binne der twa tekeningen. Hoe sit dat krekt. De heer Smittanherg vraagt ook of het om de percelen 36 én 38 gaat. Perceel 38 heeft nog een woonbestemming. Het is toch wel jammer dat een dergelijk, toch wel ingrijpend besluit voor Grou, moet worden genomen zonder dat er breder gediscussieerd kon worden over de structuurschets Grou. Hij vindt dat de invulling nadrukkelijk met de omwonenden moet worden besproken. De hear Pnstma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it utstel. Hy slút him oan by de wurden fan de heren Smittenberg en Janse oangeande de proseduere. Der binne in tal jierren tasizzings dien oan de omwenjenden dat perseel 38 in wenbestimming hâlde soe. Syn fraksje fynt ek dat de kon- krete ynfolling aanst yntegraal plakfine moat. De hear Van dar Maulan seit dat syn fraksje mear problemen mei it útstel hat. Der wurdt no foar de safolste kear mei in tariedingsbeslút wurke. Der is al hiel faak frege om in totaalfisy foar Grou. No is der noch gjin fisy mar wurdt in hap-snapbelied fierd. It kolleezje hat al twa jier de tiid hân om mei sa'n fisy te kommen. Syn fraksje hat der sterk oan twifele om ja as nee te sizzen tsjin dit útstel. Mei nee sizzen wurde wol in tal saken op slot sette. Earst wol hy lykwols fan it kolleezje hearre oft hy dwaande is mei in struktuerskets en op hokfoar termyn kin dy ferwachte wurde. Past dit plan dan ek yn dy struktuerskets? Syn fraksje fynt ek dat de ried belutsen wurde moat by de definitive ynfolling fan it terrein. De hear 7ijlstra freget oft de projektûntwikkelder mooglike planskea foar syn rekken nimt. Syn frak sje wol dat de omwennenden belutsen wurde by de ynfolling fan de lokaasje. As it delegaasjebeslút aanst oannommen wurdt, kin it kolleezje de saak fierder ôfhannelje, mar syn fraksje wol dat de ried yn dit gefal der by belutsen bliuwt. Fral de tagong nei de Stationsweg makket men him grutte soar- gen oer. Wethâlder Qnstarhnf seit dat de ôfdieling planology dwaande is mei ferskate fasetten oangeande de Ontwikkeling fan Grou. Dit plan stiet dy Ontwikkeling net yn 'e wei. Perseel 38 is in ôfbrutsen pân mei in wenbestimming. It is yn de omlining fan it plan meinommen en krijt dêrtroch in oare bestim- ming. It is net de bedoeling dat it hiele parkearterrein brûkt wurde sil foar Grou. De rest fan it par- kearterrrein wurdt nei winkelslutingstiid ôfsluten. Der wurdt ek wurke oan in DPO, dat breder is dat it rapport dat foar de Fixet makke is. Yn oktober/novimber is dat klear en dan kin it nei kommisje en ried ta. Der hat nei de kommisjegearkomste al oerlis mei de omwennenden west. Oerlis is altiten mooglik. De tagong fan it terrein is fia de Stationsweg en de útgong fia de Oedsmawei. De hear Pnstma is der tige mei ynnommen dat der wurke wurdt oan in struktuerskets foar hiel Grou. De kredytoanfraach sil dus wol Onderweis wêze. It giet him derom dat oan 'e boargers dúdlik makke wurdt om hokfoar perselen it giet. It is net dúdlik wurden yn 'e krante dat it ek giet om per seel 38. Sa heart dat net. In DPO leit der al mar it moat noch fertaald wurde yn belied. Yn 'e stik ken by de riedskommisje waard hiel maklik de bestimming detailhannel trochelkoar helle: yn de iene ried 19 septimber 2000/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 6