Side 12 Nei de persoanlike stimming docht bliken dat de moasje ferwurpen wurdt mei 13 stimmen dêr- tsjin en 4 foar. Foar hawwe stimd de leden Van den Berg, B. de Jong, Van der Meulen en Smit- tenberg. De hear Van der Meulen wol oan syn stim taheakje dat it kolleezje yn de beantwurding fan fragen oangeande dizze moasje fier tekoart sketten is. De heer Smittenberg zegt dat het duidelijk is dat de raad zijn gedachte niet deelt. Zij mist daarbij een kans om wat te zakken in de pools van de algemene lasten. De raad laat een onrechtvaardige belasting bestaan. Mefrou Veldstra fynt it wol spitich dat de hear Smittenberg pas ûnder de gearkomste mei dizze moasje kommen is. Sy hie graach in goede diskusje earst yn de kommisje hân. Dat is ek de reden dat sy tsjin dizze moasje is. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming stimt oer it útstel fan it kolleezje De fraksje fan de V.V.D. wurdt achte tsjin trije ûnderdielen stimd te hawwen, te witten: de post foarljochting/kommunikaasje; it skrassen fan de bydrage oan sporthal/swimbad yn 2003 en 2004 en it útstel om foar 2002-2004 de OZB op foarhân al te ferheegjen. De foarsitler seit dat de ried in beslút nommen hat oer de bydrage oan sporthal/swimbad. Hy sjocht gjin kâns de V.V.D. dêrfoar in oantekening te jaan. Oer de eventuele ferheging fan de OZB nimt de ried jün gjin beslút. De foarsitter slút om 23.30 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar harren bydrage oan diskusje en beslútfoarming. Hy winsket eltsenien wol thús. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 16 jannewaris 2001, de siktaris, itter, (R.P. van der Starre) (Y, Dijkstra) ried 13 novimber 2000/bvJb/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 13