BOARNSTERHIM gemeente NOTULEN Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 21 novimber 2000 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder), H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 1It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 19 septimber 2000 en 17 oktober 2000. It ferslach fan de gearkomste fan 19 septimber 2000 wurdt net feroare fêststeld. Op fersyk fan de hear Janse wurdt yn it ferslach fan de gearkomste fan 17 oktober 2000 it fol- gjende op side 2 ûnderoan wizige: "it hekwurk" yn "de tagong fan de tsjerke Inachtnommen dizze wiziging wurdt it ferslach fierder ûnferoare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 1: De hear Roorda seit dat yn de kommisje ek al sein is dat der eins twa wike tusken kommisje- en riedsgearkomsten sitte moatte soene. Soe it skema dêr op oanpast wurde kinne? De hear Postma slút him oan by dizze fraach. De foarsitter seit ta it skema nochris ûnder de loupe te nimmen en yn desimber wer oan de ried foar te lizzen. Nûmer 9: De hear Roorda seit dat der yntusken dochs in klachtefunksjonaris oansteld is. De hear Zijlstra is nijsgjirrich nei de ôfrin en wol graach op e hichte hélden wurde. Wethâlder Bijlsma seit dat de klacht no by de klachtefunksjonaris leit. De klacht komt yn desim ber oan 'e oarder. *Hy seit ta de hear Zijlstra te ynformearjen. Nûmer 10: De hear Janse wol graach in behanneling yn 'e kommisje. standaard.dot/NL/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 14