Side 2 Ook de heer Smittenberg heeft deze wens. Wethâlder Oosterhof seit in behanneling yn de kommisje ta. Nûmer 11: Mefrou Wegman wol graach in behanneling yn de kommisje. *Wethâlder Bijlsma seit dat ta. It wachtsjen is op it neiere miljeuûndersyk. Nûmer 13: De hear Roorda seit dat hy graach de réaksje fan it kolleezje witte wol. Ek wol hy witte oft der 1 jannewaris wurke wurde sil mei it nije belestingsysteem. Wethâlder Bijlsma seit dat der hurd oan in réaksje wurke wurdt. Nûmer 15: De hear Janse seit dat de ynstânsjes, bedriuwen op dit stuit mear útgeane fan it resultaat dan fan de minske. Dêr freget hy it omtinken fan it kolleezje foar as dit brief beantwurde wurdt. Wethâlder Bouma seit dat de ried in kopy krijt fan de réaksje fan it kolleezje. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 3. Utstel oangeande de regeling skoallebegelieding 2000/2001. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie kan instemmen met het voorstel. Zijn fractie zou meer dan nu het geval is aandacht willen vragen voor een visie die aanwezig moet zijn, een strategie die daarop gebaseerd wordt en beleid dat zich vertaalt in een aktiviteitenplan. Mefrou Wegman seit dat har fraksje ynstimt mei it útstel. Der binne noch gjin kriteria ûntwikkele foar it lokale ûnderwiisachterstânbelied. Hoe komt it kolleezje dan oan de 76 oeren GOA. Wethâlder Bijlsma seit dat der in tal jierren ôfspraken makke binne oer it tal oeren GOA. It be- drach is itselde as de gemeente fan it ryk krijt. Yn 2002 sil der evaluearre wurde oangeande de mienskiplike regeling GCO. Der sil mooglik besletten wurde dizze tsjinst op 'e merk te setten. Mei yngong fan 2003 krije net mear de gemeenten it jild mar de skoalbestjoeren fia de LONDO- útkearing. De heer Smittenberg vraagt of er de laatste jaren met die 10% alleen nota's zijn geschreven of dat er ook daadwerkelijk beleid is uitgevoerd. Wethâlder Bijlsma seit dat nettsjinsteande der beliedsmjittich in protte dien is der ek wier wat dien is oan it opheffen fan de achterstânsitewaasje. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it utstel besletten. 4. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 5. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar de bou fan in lisboksbûthûs/masineberging mei bedriuwswente. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. standaard .dot/NL/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 15