Side 3 5. Utstel bouplan legalisaasje Timmerbedriuw Brittenburg 21 yn Aldeboarn. De hear Janse seit dat syn fraksje beswier hat tsjin it hellingwurk fral om de oerlêst foar de om- wenjenden. Syn fraksje stelt út om it hellingwurk út de bestimmingswiziging te heljen. De hear Aukes seit dat it op Brittenburg net drok is. Hy kin dan ek net betinke wat it grûnbeswier is. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel. De hear Van der Meulen seit dat it probleem him taspitst hat op de hellingaktiviteiten. It bedriuw hat al oanjûn dat dy hellingaktiviteiten bûten beskôging litten wurde kinne. Sjocht it kolleezje dêr mooglikheden ta? De hear Ziilstra seit dat eartiids flakby in suvelfabryk stie. Dat gebiet wurdt hieltiten mear in wengebiet. Eartiids hearde bedriuwsaktiviteiten by it doarpslibben mar dat wurdt stadichoan oars. Minsken kleie earder. Eins soe it in wengebiet wêze moatte mar de ûndernimmer sit fêst wylst de omwenners tinke oerlêst te krijen. It útstel hat twa kanten, dy fan de ûndernimmer en dy fan de omwenners. Syn fraksje is net ienriedich oer dit útstel. Wethâlder Oosterhof seit dat der ek yn de kommisje wiidweidich oer dit plan praten is. De oan- freger hat oanjûn de hellingaktiviteiten der wol út helje te wollen. Boutechnysk is dat sanriar te regeljen, mar miljeutechnysk moat de oanfreger in fersyk yntsjinje om oan te jaan dat de hellin gaktiviteiten bûten de miljeufergunning bliuwe kinne. Der wurdt yndied oars as eartiids oer de wenomjouwing tocht. De hear Janse seit dat wurksumheden planologysk net ynpast wurde se ek net dien wurde meie en in miljeufergunning ferrint nei trije jier. De heer Smittenberg heeft in de commissie aangegeven dit verzoek, gezien de interpretatie van het bestemmingsplan, het voordeel van de twijfel te geven. Het hebben van een milieuvergunning houdt niet de verplichting in om die ook te gebruiken. Hij vindt dat de aanvrager aangeeft in vre de te willen leven met de omgeving. Zijn fractie is voor dit voorstel. De heer Postma seit dat as de helling út de bou-oanfraach helle wurdt syn fraksje foarstimme sil. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje leaver sjoen hie dat Hiemstra nei it bedriuwenterrein gien wie. Hy freget oft it mooglik is yn it tariedingsbeslút de helling derbûten te litten. De hear Ziilstra seit dat syn fraksje graach in persoanlike stimming wol. Wethâlder Oosterhof seit dat de wurksumheden dy't yn de miljeufergunning steane ek útf.erd wurde kinne. As der gjin hellingaktiviteiten plakfine is de miljeufergunning dus te rom. It kolleezje fynt it better om ek dat yn de miljeufergunning te skrassen. Mooglik kin de begrinzing fan it ge- biet dêr't it tariedingsbeslút foar jildet oanpast wurde. De hear Van der Meulen freget wat it kolleezje no eins wol. Wurde de stippellyntsjes oanpast as net. De hear Postma seit dat it hjir net oer de miljeufergunning giet. Wurdt it bestimmingsplan sa oan past dat de hellingaktiviteiten der út helle binne? De heer Smittenberq zeqt dat in de aanvraag sprake is van een helling. De aanvrager wil de hel ling er wel uit schrappen. Het is aan de raad om dat in de bestemmingswijziging zo te vertalen dat het functioneren van een helling uitgesloten is. standaarddot/N L/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 16