Side 4 De hear Janse freget oft it kolleezje dizze suggestje oernimt. Wethâlder Oosterhof wol efkes oerlis yn it kolleezje. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 20.42 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 20.45 oere. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje ree is om it beslút yn dy sin oan te passen dat de helling bûten de stippellyntsjes fan it tariedingsbeslút fait. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it oanpaste útstel besletten. De leden Zijlstra en Roorda wurde achte tsjinstimd te hawwen. 7. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de tredde fase doarpsfernijing yn Akkrum. Mefrou Santema seit dat har fraksje dizze doarpsfernijing kritysk folge hat. Ferskate kearen is har fraksje yn de pleit gien foar in rûnwei om Akkrum. No't der feroaringen op komst binne by UTD soe it kolleezje de kâns benutte kinne om in rûnwei te realisearjen. Der is tasein dat in rûnwei wer yn byld komt yn 2003, 2004. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie zoals bekend niets ziet in een verkeersafwikkeling via it Ach terom en de brug over de Polsloot. Niettegenstaande dat heeft de raad in meerderheid wel voor deze oplossing gekozen. Zijn fractie zal zich bij dit raadsbesluit neerleggen. Zo hoort het in een democratisch rechtsbestel. Toch vraagt hij aandacht voor een afwikkeling van het transitverkeer door Akkrum heen omdat er ontwikkelingen gaande zijn die dat mogelijk maken, zoals een andere bestemming voor UTDfabriek en -terreinen en een herbestemming van het OSG-gebouw. Er is zijn fractie veel aan gelegen dat kinderen op een veilige manier op school kunnen komen. De hear Janse seit dat syn fraksje net foar in brêge oer de Polsloot is mar in rûnwei om Akkrum wol. De ried hat besletten wol in brêge oan te lizzen. It is demokratysk jo dêr by del te lizzen. Hy sil ynstimme mei dit útstel. Wethâlder Bouma seit dat sy nea tasein hat dat der in rûnwei komme kinne soe yn 2003, 2004. Sa't it no liket komme der mooglikheden foar in rûnwei yn 2010 yn ferbân mei wentebou dêr't kontingenten foar nedich binne. Feroarings op it UTDterrein hawwe al it omtinken fan it kolleezje. De brêge bliuwt lykwols nedich yn it ramt fan de totale werynrjochting fan Akkrum. Mefrou Veldstra seit dat sy fan betinken is dat dit útstel net de krekte oplossing is. In súdlike rûnwei soe in bettere oplossing wêze. Sy bliuwt by har stênpunt. Wethêlder Bouma seit dat it kolleezje beide sjocht, sawol in brêge as in rûnwei. Yn it ramt fan dizze tredde fase doarpsfernijing moat dizze brêge der wol komme. Akkrum rédt it net allinne mei in rûnwei. De foarsitter seit dat as de ried in beslút nommen hat by mearderheid de fraach steld wurde kin hokfoar romte der dan oerbliuwt om dêr noch in ôfwikende miening oer te hawwen. Oer it gene raal is dy romte der net meat, de hear Jonkers hat dat ek treflik sein. No ôfstân te nimmen be- tsjut feitlik dat der gjin respekt is foar it earder nommen riedsbeslút. Hy docht in berop op mefrou Veldstra te oerwagen om foar dit útstel te stimmen. Mefrou Veldstra wol dochs de oantekening dat sy tsjin dit útstel is. standaard.dot/NL/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 17