Side 5 De foarsitter seit dat sy dy oantekening krijt. Hy stelt fêst dat der ôfstân nommen wurdt fan in demokratysk nommen beslút. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Mefrou Veldstra wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 8. Utstel eksploitaasje Biensma 3. De heer Jonkers bedankt het college voor het weghalen van de maximumprijs. De m2-prijs is in vergelijking met omliggende gemeenten aan de stijve kant. Zijn fractie wil graag frequent op de hoogte worden gehouden van de ontwikkelingen in de verkoop van kavels. De hear Janse seit dat it Aquaverium noch net past yn Biensma 2, der moat noch in bestim- mingsplanwiziging makke wurde. Yn it ramt fan Biensma 2 hat it Aquaverium grûn kocht foar f 65,00 de kante meter. Koartlyn is der grûn kocht foar f 25,00 m2. Foar it Aquaverium is it ka naal'ferlenge. De priis dy't it Aquaverium foar de grûn betelle hat, stiet net yn ferhâlding mei de prijs dy't oare bedriuwen betelje moatte. Om in lykense ferhâlding te krijen mei oare bedriuwen fynt syn fraksje dat de gemeente in grut part fan de mearwearde takomt. De mearwearde soe dan brûkt wurde kinne foar de grûnpriisferleging foar oare bedriuwen. Syn fraksje wol graach de tasizzing fan it kolleezje dat foardat meiwurke wurdt oan de bestimmingsplanwiziging der mei it Aquaverium ûnderhannele wurdt oer de ferdieling fan de mearwearde. It risseltaat fan de Onder- hannelings wol hy graach yn de riedskommisje behanneleje. Mefrou Santema seit dat har fraksje bliid is mei de net fêste priis. Har fraksje slút him oan by de suggestje fan de hear Janse. De hear G. de Jong freget oft der al dúdlikheid is oer de mooglike tasizzings fan de provinsje oangeande de sanearing. Meie de minsken seis witte hokfoar walbeskoeiing se oanlizze? De heer B. de Jong zegt dat zijn fractie er mee ingenomen is dat de maximumprijs is losgelaten. Hij kan zich de gedachte van de F.N.P. voorstellen, maar zijn er mogelijkheden? Wethâlder Bouma seit dat sjoen de réaksjes it kolleezje goede hope hat om gau bedriuwen op Biensma 3 te krijen. Sy is it net iens mei de suggestje fan de hear Janse om earst noch mar wer te ûnderhanneljen. It Aquaverium sit yn Biensma 2 en yn it twadde plak duorret it dan fierstente lang foardat mei de Ontwikkeling fan it terrein begûn wurde kin. Op Biensma 3 wurdt, yn tsjin- stelling ta Biensma 2, bouripe grûn oanbean. Sy moat it antwurd op de fraach fan de hear De Jong oer de sanearing skuldich bliuwe, der binne wol mûnlinge tasizzings. De walbeskoeiing is yn de ferkeapbetingsten opnommen. De hear Van der Meulen seit dat de suggestje fan de hear Janse net kin. Jo kinne net achterôf beheinings opsmite. Boppedat is it in kommisjefraach. De heer B. de Jong zegt dat zijn fractie zich de gedachtengang van de heer Janse kan voorstel len, maar in dit voorstel moet dat buiten beschouwing blijven. Zijn fractie stemt in met het voor stel. De heer Jonkers zegt dat het hier om een vrij exclusief bedrijventerrein gaat. Zijn fractie is be langstellend naar de ontwikkelingen. De hear Janse seit dat syn fraksje ynstimme kin mei dit útstel. Hy freget in tasizzing fan it kol leezje om oer de mearwearde te Onderhanneljen mei it Aquaverium. Hy sjocht gjin beheiningen foar de Ontwikkeling fan Biensma 3. standaard.dot/NL/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 18