Side 6 Mefrou Santema seit dat har fraksje achter de fraach fan de hear Janse stiet. De hear Van der Meulen freget oft de V.V.D. fynt dat de gemeente altiten meidiele moat yn de mearwearde dy't ûntstiet troch in bestimmingswiziging? Mefrou Santema seit dat dat net har bedoeling is, mar hjir is in grutte ferwevenheid. Har fraksje giet der fan út dat de dyk der komt en dat der net in iepen haven komt. Wethâlder Bouma seit ta dat regelmjittich oan de kommisje de Ontwikkelingen meidield wurde sil- le. As der in bestimmingsferoaring komme moat dan wurdt dat yn de kommisje behannele en wurdt der in eksploitaasjeopset makke. It is noch mar de fraach oft der in mearwearde komt. De foarsitter seit dat it hjir giet om de eksploitaasje fan Biensma 3. Hy seit ta dat alle belangen dy't de gemeente hat, ynbrocht wurde sille by de bestimmingsplanwiziging. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 9. Utstel beliedsfisy ferkear en ferfier. De hear Aukes seit dat it kommentaar fan syn fraksje net yn it útstel ferwurde is. It útstel ken- merket him troch in iensidige sjochwize, inkeld basearre op it nimmen fan ferkearsmaatregelen. De sosjaal-economyske gefolgen wurde net beljochte. Der Ontstiet in trijedieling yn ús gemeente kwa ferkearsstreamen en dêrút fuortkommend ek in sosjaai-ekonomyske trijedieling. Hjirmei is in sekere weryndieling yn gong setten. Dat kin en mei net trochgean. Troch it ôfsluten fan de BOt- lânswei wurdt it ferkear oer de Onfeilige Snitserdyk en troch de doarpen stjoerd. Ferkearstech- nysk en finansjeel is dat gjin goede oplossing. De fytsers bliuwe op de 60 km-diken, der komt gjin fytspaad. Syn fraksje is foar feilige, frijlizzende fytspaden seker foar it trajekt Grou-Wergea- Warten. De hjoedeistige sitewaasje is yn in tal gefallen net optimaal. Knipepunten moatte oan- pakt wurde, sa as de oansluting op de rûnwei Warten. De hear Janse seit dat de beliedsfisy as útgongspunt "duorsum feilich" hat. In wichtich Onderdiel is de kategoarisearing fan it wegennet. Dy kategoarisearing moat konsekwint trochfierd wurde. Yn dat ramt past net in 60 km-dyk mei fytspaden, sa as de dyk Warten-Grou. Syn fraksje stiet in 60 km-dyk tusken Grou en Warten foar sûnder fytspaden of in 80 km-dyk mei fytspaden. Der soe ek tocht wurde kinne oan in rekreatyf fytspaad lâns it PM-kanaal dêr't dan ek noch subsydzje op te krijen is. Hy freget omtinken foar de ûntsluting fan it yndustryterrein fan Jirnsum. Sa 't dat no is mei it knipepunt Grousterdyk Douwemastrjitte kin dat net. Op net al te lange termyn sil dêr in oplossing foar fûn wurde moatte. Hy docht de suggestje fanôf de rotonde yn de rânewei in di- rekte ferbining te lizzen mei de dyk N352 achter de stjoermest lâns. Hy freget omtinken foar de sitewaasje op de Bûtlânswei. De bywurkingen binne al sinjalearre. Hy freget it kolleezje dêr op te letten. As it te slim wurdt moat de maatregel wer ynlutsen wurde. Hy freget it kolleezje sa gau mooglik yn de Legeaen mei de maatregels te begjinnen. Mei de sitewaasje fan bromfytsers op de rydbaan nei 2010 kin syn fraksje net akkoart gean foar de dyk Akkrum-Reduzum-Ljouwert. De heer Smittenberg zegt dat het goed is dat er vandaag een flinke stap wordt gezet met de in voering van het 30/60 km regime. Bereikbaarheid gaat vóór snelheid. Harde maatregelen om de snelheid naar beneden te brengen zijn in feite de enige mogelijkheid. De afsluiting van de BOt- lânswei was waarschijnlijk niet aan de orde geweest als de weggebruikers zich aan de maximum snelheid hadden gehouden. De kosten komen ook via het onderhoud voor rekening van de ge meente en dat is ook een reden om over te gaan tot categorisering. Hij heeft het gevoel dat de 30 kmzônes in de dorpen breed gedragen wordt. Over de 60 km-routes is er meer discussie. Hij is blij met de gedachte van het college om de weg Grou-Warten een 60 km-weg te laten. Een standaard.dot/NL/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 19