Side 7 fietspad ernaast is echter wel gepast vanwege het verkeer tussen de beide dorpen. In paragraaf 2.9 zou dat moeten worden toegevoegd. Dit geldt ook voor de Reinerswei. Het idee om een weg achter de zendmast langs te laten lopen ondersteunt hij. Een punt van aandacht is ook de weg via Poppenwier naar Franeker. In feite is dat een sluiproute. Het tempo van uitvoering blijft ook een knelpunt. In het voorstel wordt gesproken over de intentie om te komen tot invoeren van 60 km wegen. Is dit een principebesluit en de uitvoering komt pas later of wordt het later nog weer ter discussie gesteld? Hij mist een concreet uitvoeringsprogramma. Dit plan biedt in het kader van de ruimtelijke ordening meer ruimte doordat de milieuwetgeving ons minder in de weg zal zit ten. Hij heeft niet de illussie dat het gebruik van auto's zal verminderen. Er zou echter wel meer aandacht voor het openbaar vervoer kunnen zijn, middels bijvoorbeeld een actieplan. De hear Postma konstatearret dat der al in hiel protte arguminten oan 'e oarder west binne Der is al hiel lang wurke oan de tarieding fan in ferkearsbeliedsfisy, sa'n 6 jier. Dat is spitich. Mei de arguminten dy't yn de rin fan de diskusjes nei foaren brocht binne is net folie dien. Syn T^sje konstatearret dat dit plan in hiel isolearre beneiering is fan allinne ferkear en ferfier, 30 en 60km- diken. Foar de leefberheid fan de doarpen en de ekonomyske fitaliteit is in optimale berikberheid tiqe wichtich. De berikberheid wurdt hyltiten wichtiger.Yn Boarnsterhim dus de berikberheid tus- ken de doarpen en tusken de doarpen en it sintrum fan ús gemeente, Grou. Syn fraksje hat dan ek dúdlik muoite mei it ôfsluten fan de Bûtlânswei. Hy hat ek earnstige twifels of d.ken fan 60 km kombinearre mei fytsferfier feiliger binne dan 80 km-diken. It is net oantoand dat 60 km-d.ken mei fytsers feiliger binne dan 80 km-diken. Aanst giet ek it slupferkear op de 60 km-diken in rol spyljen Yn de redaksje fan 2.4.1wurdt besocht de ried om te krijen. Mar der stiet oars net as lucht yn. It no skrassen fan de status fan 80 km-dyk fan Grou nei Warten betsjut tagelyk is skrassen fan de mooglikheid fan in fytspaad dêrlâns. Syn fraksje is der op tsjin, seker ek °mt der in fytsdiel oan de Tútsebrêge makke is. Mei de oare útstellen yn it ramt fan de 30 km-diken kin syn fraksje mei ynstimme lykas alle oare aspekten útsein de 60 km-dyk fan Grou nei Warten. De hear Van der Meulen seit dat de útgongspunten fan dizze nota syn fraksje tige oansprekke. Feilichheid op numer 1 en berikberheid op nûmer 2. Troch dizze oanpak is de feilichheid better garandearre en dat is in plus. De berikberheid sil wat ôfnimme mar net sa folie. Syn fraksje h.e qraach sjoen dat der in bettere tiidstúdzje west wie oangeande de berikberheid fan de doarpen. It werombringen fan 80 nei 60 km skeelt mar in hiel bytsje yn tiid. Wêr prate we oer, wat is no in minút as in pear minuten as de feilichheid dêr mei tsjinne is? Hy trunet der op oan dat de 30 km- maatregelen yn de doarpen yn de Legeaen sa gau mooglik út te fieren. De ôfsluting fan de BÛt- lânswei hie op de plakken dêr't men in kar meitsje kin, better oanjûn wurde moatten. It soe goed wêze dat it kolleezje gau útein set mei tellingen fan it ferkear en dat der oer in jier as oer twa j.er nochris metten wurdt hokfoar effekt de maatregels hân hawwe. It is wer bjusterbaarlik dat de V.V.D.-fraksje sa'n ôfstân nimt fan it belied fan it kolleezje. De hear Zijlstra seit dat troch de maatregelen yn it deistich libben in grutte yngreep dien wurdt en somtiden is de tiid dêrfoar noch net ryp. Yn de kommisjegearkomste die dat ek bl.ken. Syn frak sje wol dat earst besjoen wurdt troch in evaluaasje hoe't de ofsluting fan de Butlânswei utwur- ket It beswier rjochtet him benammen op it werombringen fan 80 nei 60 km. Op side 3 wurdt sprutsen oer "intentie". As it kolleezje dan ek noch in evaluaasje meinimt oer hoe't de maatrege len ûntfongen wurde dan wurdt it foar de ried makliker om noch in stap fierder te gean. Syn frak sje wol noch in dyk oan it rychje op side trije ek oan tafoegje, de J.W. de Visserwei. Hy hie graach in rekreatyf fytspaad hawwe wollen fan de Idaarderhoeke nei de Tutsebrege mar dat is mislearre. No't der oare eigeners kommen binne is der miskien wol wat mei te berikken. Miskien binne der ek noch oare mooglikheden om in rekreatyf fytspaad oan te lizzen. Wethâlder Oosterhof seit dat it ferkears- en ferfierplan in útfloeisel is fan eardere konvenanten. It kolleezje is der mei ynnommen dat de ried wol ynstimme kin mei de 30 km-sones. Foar de ynfie- standaard.dot/NL/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 20