Side 8 ring dêrfan is f 150.000,00 yn de mearjierrebegrutting opnommen. It kolleezje hat as útgongs- punt wurk mei wurk foar de ynfiering fan de 30 km-sónes. It kolleezje seit foar de beslútfoarming foar it ynfieren fan de 60 km-diken it kolleezje by de kommisje weromkomt. Dêrom is der ek in plus achter de Leechlânsdyk kommen. Net allinne fytsers op de dyk binne in beheining om hurd te riden, ek it lânbouferkear. It kolleezje fynt dat de leefberheid yn de doarpen op it mêd fan be rikberheid bestean bliuwt. It makket dan net út oft it fia 80 km as 60 km-diken is. Der is gjin sprake fan in trijedieling yn de gemeente. In fytspaad lâns de J.W. de Visserwei soe ek in partsjes útfierd wurde kinne. Foar utilêre fytspaden is net in protte kâns op subsydzje. As der in mooglikheid foar in rekreatyf fytspaad is dan sil dy seker oangrepen wurde. Dêrom is der ek in plus op dy dyk setten. Noch net sa lang lyn frege de hear Janse om in fytspaad lâns de Douwe- mastrjitte, no freget hy wer om wat oars, nammentlik in Ontsluting achter de stjoermêst lâns nei de N352 ta. Der is al f 260.000,00 foar it fytspaad lâns de Douwemastrjitte opnommen en dêr om fynt it kolleezje it dochs wat sneu dat der no in oar plan ynsetten wurdt. Der moat wol in konstitint belied fierd wurde. Foar it bûtengebiet jildet dat de plannen útfierd wurde sille yn wurk mei wurksitewaasjes. De prioriteit wurdt net lein by it flugger oanlizzen fan de 60 km-diken. As de Gemeente Boarnsterhim net meidwaan soe oan de útfiering fan de konventanten is Boarnster- him in eilên yn de provinsje en sil der mear oan ûnderhâld dien wurde moat. De gemeente hat in apparaat foar ferkearstellingen en dat sil ek brûkt wurde by de Bûtlânswei en troch de doarpen. Mjitte is witte en dat is wichtiger dat in gefoel wat men sa no en dan hat. De hear Aukes seit dat it net nedich is soarch te hawwen oer de ferhêlding tusken syn fraksje en it kolleezje. De beneiering fan syn fraksje is miskien wat in oaren as dat it kolleezje keazen hat. Der binne in pear dingen dêr't syn fraksje net gerêst op is, sa as it ûntbrekken fan in sosjaal- ekonomyske paragraaf. Syn fraksje fynt de mingfoarm fan fytsers mei motorisearre ferkear ûnfei- lich; ek statistysk is dat bewezen. Net earder mei in 60 kmdyk begjinne dan dat der in fytspaad leit. Monitoar nei twa jier de ôfsluting fan de Bûtlânswei. De earste lûden binne bepaald net posi- tyf. Hy ferwurdet inkeld de lûden fan út de ynwenners en miskien is it wol sa dat syn fraksje mear nei de ynwenners harket dan dat it C.D.A. docht. Hy freget omtinken foar de trochgeande dyk nei Meinga dêr't in protte boumateriaal opslein leit lêns de dyk. It hanthavenjen is dêr net optimaal. Dat fynt hy soarchlik. Tsjin de 30 km-sones hat hy gjin beswier. De hear Janse seit dat de kategoarisearing fan de diken deroan bydrage moat dat it duorsum fei- lich op de diken wurdt. As dêr dan fan ôfweken wurdt yn wol in 5-tal gefallen dan is dat net goed. Dan kin it gjin kategoarisearing mear hjitte. Dan de ferbining fanôf de rotonde nei de N352, sjoch dat mar as in winsk foar de takomst. De heer Smittenberg zegt dat het landbouwverkeer ons zo nu en dan behoorlik dwars zit. Pas seerplaatsen zoals aan de Albadawei zijn een goede gedachte. Misschien kan de wethouder nog iets zeggen over het omgaan met het brede landbouwverkeer. Hij betwijfelt het dat de Snitserdyk een onveilige weg zou zijn. Hij stelt voor uit het voorstel, paragraaf 2.4 het woord "intentie" te halen. De communicatie in de besluitvorming, maar zeker in de uitvoering is buitengewoon be langrijk. Bij de communicatie hoort ook het uitvoeringsplan plus een actieplan voor het openbaar vervoer. De autolobby heeft nog steeds "koudwatervrees" en die "koudwatervrees" wordt door veel partijen, maar niet de zijne, gedeeld. Men denkt kennelijk dat 80 km-wegen veiliger zijn dan 60 km-wegen. Dat is niet zo. De hear Postma seit dat de beantwurding fan it kolleezje oangeande de "intentie" him soargen jout. Yn de kommisje is sein dat foarearst in 80 km-dyk opnommen stiet en dat yn de rin fan 10 jier de ried in útstel krijt om dat stênpunt te weroerwagen. "Intentie" keppelje oan finansiering is hiel wat oars. Syn fraksje is der net fan oertsjûge dat in 60 km-dyk feiliger is dan in 80 km-dyk, seker as de snelheid net hanthavene wurdt. Mei berikberheid ferstiet syn fraksje ek de kwaliteit fan de berikberheid. Oer karrespoaren binne de doarpen ek wol te berikken mar dat kin dochs net standaard.dot/NL/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 21