Side 9 de bedoeling wêze. Yn it NVVP is berikberheid yn tiid in grut kriterium. Ek Arriva makket him soargen, de tiidsfaktor is yn it iepenbier ferfier tige wichtich. Koartsein, syn fraksje fynt dat der net in yntegrale ófwaging makke is foar dit útstel. Hy bliuwt by syn stânpunt datoangeande. Syn fraksje is tsjin it opfieren fan de dyk Grou-Warten as 60 km-dyk. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje wol deeglik harke hat nei wat de ynwenners te fer- tellen hawwe. Syn fraksje is foar it opstellen fan it ferkiezingsprogramma by alle pleatslike belan gen lâns west. len fan de items dêr wie de feilichheid. Syn fraksje hat dat yn syn ferkiezings- prgramma setten en keazen foar duorsum feilich. As de ried net ree is om jild foar feilige diken frij te meitsjen dan kiest syn fraksje foar de kategoarisearing fan wegen troch dy wegen dêr't gjin fytspaad bylâns komt oan te wizen as 60 km-dyk. It rint mis yn dy gefallen dat útfiering en kommunikaasje net lykop rinne. It ynfieren fan duorsum feilige diken stiet en fait mei in goede kommunikaasje en it goed yn 'e tiid setten fan maatregels. Dat is by de Bûtlânswei net hielendal goed bard. De hear Zijlstra seit dat der in protte wiisheid fan amateurs yn de diskusje brocht is. Fansels is syn fraksje foar feilichheid, mar somtiden kin der ek te fier mei gien wurde. It kolleezje hat tasein fierder nei te tinken oer in fytspaad lâns de J.W. de Visserwei. Somtiden moat der wachte wurde oant de tiid ryp is. De matearje is tige yngewikkeld. Syn fraksje kin no de gefolgen noch net oer- sjen fan it omsetten fan 80 km-diken yn 60 km-diken. Earst in evaluaasje fan de Bûtlânswei as ûnderfinings fan oare gemeenten. In amendement: kom ek mei de J.W. de Viseerwei werom by de ried mei ynformaasje. Mefrou Santema kin de wurden fan de hear Aukes ûnderstreekje. Sy fynt it prachtich dat de hear Zijlstra eins de wurden fan Jelle Wigle de Visser oernimt, dy't yn 1956 sei dat der in ûntslu- tingswei komme moast foar it Leechlân. No binne der gjin ûntslutingsdiken mear. Miskien moat de J.W. de Visserwei dan ek wol oars hjitte. Eartiids wie der ailinne in ferbining oer wetter, no is it hast wer sa dat fanút Wergea en Warten Grou gauer te berikken is oer it wetter( op redens). Om ús hinne yn omlizzende gemeenten by Wytgaard, Fonejachtbrêge, Stûkenwei bliuwt it 80 km. De gemeente Snits is poer op de ôfsluting fan de Bûtlânswei tsjin. Komt Boarnsterhim sa net op in eilân te sitten? Wethâlder Oosterhof seit dat der yn trije kommisjegearkomsten oer dit plan praten is, yngewik keld kin it no dochs net mear wêze. Boarnsterhim is perfoarst gjin "eilân" mar is wol op in feiliger manier te berikken. Krekt om 't der neist fytsers ek lânbouferkear oer diken moat is dat de moti- vearing foar in 60 km-diken. 3Vo hat ek oanjûn dat 60 km-diken feiliger binne. Evaluaasje, moni- tore, allegear bést en wol, mar de ried sil seis in beslissing nimme moatte. Yn augustus 1999 is begûn mei foarljochtingsbyienkomsten foar de pleatslike belangen oer dit rapport. De útfiering fan de ôfsluting hie efkes better kommunisearre wurde moatten. It soe goed wêze yn Op 'e Hichte nochris in goed stik foarljochting te jaan. Takom jier docht Boanrsterhim mei oan in proef fan Ar riva. De foarsitter begrypt dat de ried wol dat de dyk Grou-Warten yn de tabel op side trije te setten. Wethêlder Oosterhof seit dat de kommisje frege hat om in fytspaad lêns de dyk Grou-Warten. Dêrom is der in achter dy dyk setten en der sil op basis fan feiten in beslút nommen wurde moatte. De hear Zijlstra freget om in tydlike sluting. De hear Postma freget oft de tekst fan paragraaf 2.4.1dan ek skrast wurdt. standaard.dot/NL/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 22