Side 10 De foarsitter seit dat dat in krekte konklúzje is. Wethâlder Oosterhof seit dat yn 2.4.1. oanjûn stiet wêrom de dyk Grou-Warten in erftoegangs- weg wurdt. It resumé kin wol nei paragraaf 2.4. De hear Postma seit dat syn fraksje dan tsjin is. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 22.50 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 23.00 oere. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje besletten hat 2.4.1. en it resumé oer te bringen nei de tabel op side 3. De foarsitter seit dat der twa elementen binne dêr't de ried net ienriedich oer is. Dat is oer para graaf 2.4.1mar dêr hat it kolleezje krekt wat fan sein en oer de kategoarisearing fan diken. Alderearst wol hy graach in beslút oer de ferpleatsing fan de dyk Grou-Warten nei it rychje Jins- huzen ensfh. op side 3. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje dêrtsjin is. Sa wurdt der gjin dúdlike kar makke. De heer Smittenberg begrijpt dat de essentie is dat er gestreefd wordt naar 60 km. Als dat juist is kan hij met het voorstel instemmen. Wethâlder Oosterhof seit dat de yntinsje útsprutsen is, mar it kolleezje wol dêr op in letter mo- mint noch wol oer diskusjearje. De heer Smittenberg zegt dat dan voor hem de "intentie" te vrijblijvend is. De foarsitter konstatearret dat der in oantekening komt foar de fraksjes fan it C.D.A. en D66. Dan freget de foarsitter in beslút oer de kategoarisearing. De hear Aukes seit dat syn fraksje bes wier hat tsjin it gemengde ferkear op de 60 km-diken. Yn dat ramt fynt syn fraksje dat der oer in jier in monitoaring oangeande de Bûtlânswei plakfine moat. De foarsitter konstatearret dat de fraksjes fan VVD en Gemeentebelangen 2000 tsjin binne. Dan wurdt der sûnder personalike stimming neffens it wizige útstel besletten. 10.Utstel ôfwizen planskea op grûn fan kêst 49 WRO. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 11.Utstel oangeande de mearjierrehúsfesting ûnderwiis. Mefrou Wegman seit dat har fraksje net sa sear muoite hat mei de prioritearing fan Akkrum mar wol mei de opstelling fan it kolleezje oangeande de nijbou fan EHS/MWS yn Grou. Sy referearret oan it brief fan de Bobob fan 31-10-2000 dêr't yn stiet dat de Bobob akkoart giet mei de yn 2003 plande nijbou yn Grou. Der wurdt ek frege om in ynspanningsferplichting op te nimmen yn it riedsútstel. Har fraksje freget dan ek wat de opstelling fan it kolleezje oangeande dy ynspan ningsferplichting is. standaard.dot/NL/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 23