Side 12 skoallen binne der noch gjin foarsjennings. Dy foarsjennings soene eins komme moatte út it bud- zjet fan de bestjoerskommisje. Der is lykwols gjin budzjet en dêrom wurdt it hjirnei folgjende út- stel oan de ried foarlein. Foar de dislokaasje by de EHS/MWS is in spoedproseduere yn gong set ten. De ried beslút jierliks oer it húsfestingsprogramma foar de dan folgjende jierren. Mefrou Wegman is bliid mei de mûnlinge tasizzing, mar wat hâldt it kolleezje tsjin om de ynspan- ningsferplichting ta te heakjen oan it beslút? Mevrouw Van den Berg heeft begrepen dat is toegezegd dat bij de voorjaarsnota met de dekking van meerdere jaarschijven gekomen zal worden van het investeringsplan. Later zegt de wethou der dat er van jaar tot jaar over de dekking zal worden besloten. Mefrou Santema seit dat de 50 miljoen yndied wie foar it skjinmeitsjen ensafuorthinne fan skoal len. Dy 50 miljoen wurdt fia de LONDO-útkearing ferparte. Mar minister Zalm hie noch wat oer: 400 miljoen foar de skoallen foar de ûnderwiishúsfesting en foar de achterstân op kompjûterge- biet. Wethâlder Bijlsma seit dat yn it mearjierrehúsfesting EHS/MWS op 2002 stiet tegearre mei de skoallen yn Akkrum. It útstel is om EHS/MWS nei 2003 troch te skowen en om de kommende twa jier te sykjen nei middels dêrfoar. By de maitiidsnota 2001 komt it kolleezje mei útstellen om yn 2003 de EHS/MWS op it programma te setten as de middels dêrfoar tarikkend binne. Op grûn fan de oanfragen dy't foar 1 febrewaris yntsjinne wêze moatte kin de ried oer it húsfestingspro- gramma foar it jier dêrop beslisse. Dat bart no ek. Mar de ried beslút no ek oer it mearjierrehús- festingsprogramma. Ek ICT heart by de 50 miljoen dy't fia de LONDO-útkearing oan de skoallen útkeard wurdt. In oar bedrach foar ûnderwiishúsfesting hat hy gjin weet fan. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12.Utstel ta it oanpassen fan it foarsjenningsniveau Wvg 2001/2006. 13.Utstel oangeande de bestimming Wvg reserve. Dizze útstellen wurde trochskood nei de folgjende riedsgearkomste. 14.Utstel ta it takennen fan subsydzjes monuminten 2000 en it jaan fan in garânsje oan de Stichting Karakterestiek Boarnsterhim. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 15.Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar ûnderhâld oan sportkompleks De Twine yn Grou. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 16.Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar oanfoljend wurk oan sporthal De Twine yn Grou. Wethâlder Bijlsma meldet dat De Twine op dit stuit, troch alle nommen maatregels legionellafrij is. SOnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. standaard.dot/NL/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 25