Side 2 útein sette soe. Spitigernoch moatte wy no konstatearje dat dit net slagge is. De skeppe is noch hyltiten net de grûn yn gien. Graach wolle wy witte wat de reden fan dizze fertraging is en wan- near no echt mei de bou begûn wurde sil en wat ien en oar betsjutte sii foar de termyn fan ople vering. Dan de bouplannen oangeande it nije gemeentekantoar en it swimbad. Mei beide saken tangelje wy al jierren om. It tarieden duorret ferskriklik lang en it wurdt no ris tiid ta definitive be- slútfoarming en útfiering te kommen. Op himsels hawwe wy gjin beswier tsjin it meidwaan fan oare partijen, sa as de plysje, as de romte mar foldwaande is en it de beslútfoarming net fertra- get. It útgongspunt by de nijbou moat in sa goedkeap mooglike eksploitaasje wêze. Al in skoftke wurdt der ûndersyk en analyse dien nei de Ontwikkeling fan de lokaasje A32. Yn de kommisje Al- gemiene Saken hat wethâlder Bijlsma oanjûn dat de ried yn it earste fearnsjier fan 2001 in útstel foarlein wurde sil. Dit fine wy nochal rom steld. Wy wolle it kolleezje oproppe dêr al yn it earste kwartaal fan 2001 mei te kommen. Oangeande swimbad De Twine hat de ried op 25 maaie 1999 in moasje oannommen, dêr't Onder oaren yn stiet dat wy binnen 6 moanne dúdlikheid krije sille hoe no fierder gien wurde moat. Yntusken binne wy oardel jier fierder en noch is der gjin dúdlikheid. Ek hjir liket in keppeling mei oare saken, sa as wat moat der barre mei de sporthal en de winsken fan de Sportstichting yn Grou, fertraagjend te wurkjen. Ek oangeande dizze saken wolle wy op mear faasje oantrune en wat Os oanbelanget is in splitsing winsklik. Pas yn it earste fearnsjier fan 2001 soe der in Otstel komme oangeande it akkommodaasjebelied. Dit duorret Os fierstente lang, temear dêr't wy no al hast oardel jier wachtsje op dizze beliedsnotysje. Wat binne de oarsaken fan dizze fertraging? Kin der net op koarte termyn praten wurde oer it konsept, of op basis fan Otgongspunten? In opsplitsing fan de nota yn ûnderdielen moat dochs mooglik wêze. Us fraksje nimt oan dat it kolleezje oangeande dizze beliedsfjilden noch wurket op basis fan de yn 1997 troch de ried fêststelde kadernota wolwêzen. Kloppet dit? De kadernota wolwêzen wie nei Os betinken in goede startnotysje, mar ek net mear dan dat. Wy hawwe noch hyltiten de hope dat de akkommodaasjenota hjir op in tal fan saken djipper op yn gean sil, yn elts gefal in aktuali- saasje. Benammen oer it ûnderdiel Sportbelied, oftewol it gruttendiels üntbrekken fan in Algemien Sportbelied makket Os fraksje him soargen. Yn de kadernota Wolwêzen steane Onder it haadstikje "Sport en Voorzieningen" Onder mear de folgjende Otgongspunten neamd: "Bij nieuwe spor taccommodaties zal de rol van de gemeente beperkt blijven tot het verstrekken van een bijdrage in de investeringskosten. Beheer en onderhoud liggen bij de gebruikers. Deze beleidslijn is toen ook aangehouden bij het complex Meinga in Grou. Spreiding van de sportvoorzieningen (over de gemeente) wordt zoveel mogelijk in stand gehouden". Rekkenhâldend mei it tige grutte winsken- pakket fan de sport yn Grou en it knipepunten/winsken dy't der ek yn oare doarpen noch binne, bygelyks op it mêd fan de kwaliteit en tagonklikheid fan de akkommodaasjes. De fraach dy't Os no dwaande hâldt, is yn hoefier it kolleezje de Otgongspunten fan de kadernota noch hantearret. Oer it fersterkjen fan de rol fan de ynwenners en de maatskiplike organisaasje is it proses fan be- liedsfoarming en Otfiering binne wy it iens. De metoades dy't hjir brûkt wurde sille bygelyks yn Yn Fetear" as interaktive beliedsûntwikkeling (kliëntenpanels) stal krije moatte. It makket Os net safolle út hoe't it bart, as it mar bart en risseltaat hat. Tasein is dat der werom kommen wurde sil op it kommunikaasje- en foarljochtingsbelied. Sjoen de ûndúdlikens dy't hjir noch oer bestiet, roppe wy jimme op hjir op koarte termyn mei fierder te gean. Tige ynnommen is Os fraksje mei de strukturele ynpassing fan de CAO foar de pjutteliedsters, jeugd- en jongerenwurk, Otwreiding B&S en it brief mei de tasizzing oangeande de yndeksearing fan in tal sosjaal kultureel wurksub- sydjes Onder oanren foar de muzykkorpsen. Benammen foar dit léste punt hawwe wy en ek oare fraksjes al hiel faak omtinken foar frege. Dizze yndeksearing is no noch ienmalich, mar wy geane der fan út dat it kolleezje foar 2002 ta in strukturele ynpassing komme sil. Alhoewol't wy it 0n- derwiisbelied as posityf beoardielje, fine wy de tasizzing oangeande de werhúsfesting fan EHS/MWS yn 2003 net hurd genôch. Ommers, der wurdt in dúdlik finansjele betingst by makke. Wy fine dat it kolleezje in oplossing foar dit dekkingsprobleem fine moat, dit kin wat Os oanbe langet by de maitiidsnoia takom jier. De ôfrûne jierren binne in protte ambisjeuse saken, benam men yn de toeristyske sektor yn gong setten as realisearre. It is op himsels goed dat der wurke wurdt oan nije plannen, mar dan graach yn oparbeidzjen mei de ried. Sjoen de nedige ynvestea- ried 13 novimber 2000/bvjb/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 3