Side 8 it kolleezje hat it stik fan de hear Langman lézen. As der net oan baggerjen dien wurdt, kinne de wetterrekreanten hjir aanst net mear komme. Fanôf dit jier komt it jild foar de Boarnsterstim út de algemiene útkearing út it gemeentefûns fraksje 14.000,00) Wethâlder Oosterhof fynt ek dat der goede wurde sprutsen binne oer de begrutting. Aktualisear- jen fan bestimmingsplannen is tige wichtich, mar elts wit ek hoe dreech it is om in bestimmings- plan goed te krijen. Hopelik kin der by de maitiidsnota 2001 noch wat oan dien wurde. Goede loftfoto's binne fan grut belang foar de hanthavening. Ferpleatsing fan de Blikpôle kostet jild mar sil ek besunigingen opsmite. De Kringloopwinkel yn Smellingerlân wurdt rund troch banenpoolers, mar dy binne der net sa'n soad yn Boarnsterhim. Miskien kin der yn gearwurking mei Smellinger- lân wat opsetten wurde. Yn it wenplan komt it kolleezje werom op de senioarenwenten. In better ûnderhâld fan it grien freget in grutter budzjet dêrfoar. Miskien kin wat oars hannelje ek noch ef- fekt opsmite. It kolleezje komt dér op werom by de kommisje. It konvenant mei de Burdbewen- ners duorret 10 jier. Oft dér wat oan dien wurde kin, moat besjoen wurde. Btsenien is der wol fan oertsjûge dat de kosten foar de pont hiel heech binne. Oer de wize fan ynspraak oangeande de struktuerfisy Grou wol it kolleezje earst mei de kommisje prate foardat it nei de befolking giet. Wethâlder Rijlsma seit dat it terjochte is dat der hyltiten wer frege wurdt nei it akkommodaasje- belied. De stipe fan ICS hat te winskjen oerlitten. Troch de formaasjeútwreiding op B&S hopet hy dochs ynkoarten it akkommodaasjebelied yn de kommisje te bepraten. Yn septimber is in beslút oer de OSG nommen. Foarútrinnend op de gunning hat de oannimmer mids oktober de peailen bestelt. Dy peailen komme pas begjin jannewaris. Undertusken sille wol prefab-aktiviteiten útfierd wurde. Yn desimber wurdt it terrein bouryp makke en yn jannewaris kin de earste peal de grûn yn. Sa't it no liket kin de skoalle jannewaris/febrewaris 2002 klear wêze. De Kadernota sosjaal kultureel wurk spilet wol deeglik in rol by ferskiliende oerwagings en jildt as start foar belied op ferskaat mêd. Yndeksearing fan subsydzjes jildt earst allinne foar 2001. It kolleeqe hopet yn 2001 mei in algemien subsydzjebelied te kommen en dér is de yndeksearing yn opnommen. Wat de sport Grou oanbelanget sit men hielendal knel. De Nesserdyk jout net foldwaande mooglikhe- den. De sport sets hat keazen foar in kombinaasje op Meinga. Dit sil meinommen wurde yn de Ontwikkeling fan de A32 lokaasje. Ynkoarten komt der yn de kommisje in útstel oer de ynfolling fan de A32 lokaasje. It kolleezje soe dér ek de Ontwikkelingen yn de sport yn meinimme wolle. Yn de mearjierrehúsfestingsprogramma wurdt oanjûn wêr't de prioriteiten lizze en dêrnei wurdt der elts jier finansjele dekking foar socht. Yn de maitiidsnota 2001 kin dus ek net oanjûn wurde hoe't de dekking foar EHS/MWS yn 2003 wêze sil. De gemeente hat net seis in Onderwiisbelied. Ynhâldlik wurdt dat belied makke by de bestjoerskommisje en dér komme ek de oanfragen foar ûnderhâld en nijbou. Dat is de reden dat de JB-skoalle net meinommen is. Nijbou as renovaasje is de earste 10 jier net oan 'e oarder en de skoalle hat oanjûn dér graach bliuwe te wollen. Dan de moasje oer de sport. It kolleezje wol der op oanstjoere yn 2001 te kommen mei in algemien sportbelied. Grou moat lykwols net wachtsje op dat sportbelied. Hy ûntriedt dat part fan de moasje. Hy wiist der op dat der de léste twa jier in hyltiten bettere ferstânhâlding mei de sport kommen is. Der is al in pear kear praten mei de Speelgroep Boarnsterhim. De VNG trunet der, mei op inisjatyf fan Boarnsterhim, by it regear op oan mear jild beskikber te stellen foar Onder wijs. De personele kosten fan Sosjale Saken nimme net óf tsjin it mindere berop dat op Sosjale Saken dien oer om' t klanten hyltiten mear tiid en begelieding freegje. De âlders fan learlingen dy't yn it learlingeferfier sitte, prate wol mei yn de wurkgroep, ek oer it bestek en de oanbeste- ging fan it learlingeferfier. De fnarsittftr seit dat it kolleezje sjoen hat dat yn de plannen fan de lânynrjochting Swette De Burd de ûntgrûning foar 100% betelle wurdt troch it ryk. Dêrom hat it kolleezje der op oantrune dat dy ûntgrûning sa gau mooglik plakfine kin, leafst foar 2005. De fnarsittpr slút de gearkomste tydlik foar in skoftke om 21.50 oere. ried 13 novimber 2000/bvjb/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 9