bestimmingswiziging koe no moai yn dit bestimmingsplan meinommen wurde. It kolleezje wol troch de mooglikheden dy't der no binne in ferdielwei oanlizze, mar dat kin noch net fêst op in jier setten wurde. Nochris, it giet net om de iene óf de oare brêge. De Polsleatbrêge sil der earst komme moat- te en it kolleezje hopet dy oare binnen in pear jier oanlizze te kinnen. De heer Jonkers zegt dat een bestemmingsplan een overkoepelend plan is en daar kan een fractie tegen zijn. Het zou niet terecht zijn tegen de uitvoeringsonderdelen van het plan te zijn. Hij heeft in de eerste termijn gesproken over de onwenselijkheid om transitverkeer door de kom van het dorp te leiden. Transitverkeer mag gewoon niet in de kom van het dorp komen omdat het er niets te zoe ken heeft. Dat is volgens hem iets anders dan het verkeer verdelen. Wethâlder Bouma seit dat transitferkear yndied net yn Akkrum thúsheart. De foarsitter seit dat it effekt fan de ferdielwei foar it transitferkear itselde is as fan de rûnwei. Yn feite giet it om itselde, mar is der allinne in oare namme keazen. De foarsitter seit dat de ried in tal kearen in beslissing nommen hat oer de útgongspunten foar de ynrjochting fan it sintrum fan it doarp. As de fraksje fan Gemeentebelangen 2000 no tsjinstimd is dat yn striid mei de útgongspunten dy't de ried earder fêststeld hat. In tsjinstimmen soe syn grûn fine moatte yn de beswierskriften dy't ynkommen binne. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie de bezwaarschriften ten aanzien van het transitverkeer en het wijzigen van de bestemming van groen in wonen deelt. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan Gemeentebe langen 2000 wurdt achte tsjinstimd te hawwen tsjin de ûnderdielen oangeande it transitferkear en it wizigjen fan de bestimming fan grien yn wenjen. 17. Utstel oangeande it bestimmingsplan Boamstee-West. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt neffens it útstel besletten. 18. Utstel ta it fêststellen fan in reglemint kliïnteried sosjale saken. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt neffens it útstel besletten. 19. Utstel ta it ynsteilen fan in ûndersykskommisje AZC. De hear Roorda seit dat syn fraksje ynnommen is mei de ynstelling fan de ûndersykskommisje en de opdracht foar de kommisje. It is in goede saak dat der in kwaliteitsoardiel komt oangeande de folge proseduere, de fierde kommunikaasje en it lokaasje-ûndersyk om himsels. It is mei yn it be lang fan de flechtelingen dat der sa gau mooglik nei 1 maaie in útspraak fan de kommisje komt. Syn fraksje wol graach de krekte tijdsplanning witte foar in beslút. Docht de ûndersykskommisje ek in útspraak oer de nije Ontwikkeling dat der lytsere asylsikerssintra mooglik makke wurde? It is tige spitich dat it COA net meibetellet oan dit Ondersyk. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie zeer ingenomen is met het instellen van deze onder zoekscommissie. Zij hoopt dat de onderzoekscommissie snel met een eindconclusie kan komen. De hear Postma seit dat syn fraksje him fine kin yn it útstel. Dêr wêr't de Ondersykskommisje mei in konklúzje komt sil syn fraksje dat belûke by syn stânpuntbepaling op it momint dat it yn de ried oan 'e oarder komt. Side 9 notulen ried 20-02-2001 /absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 11