Mefrou Veldstra seit dat har fraksje akkoart giet mei it útstel. Sy hat alle betrouwen yn de persoa- nen dy't yn de kommisje sitte. Sy is der mei ynnommen dat der ek in oanbefelling dien wurde sil oangeande nije ûntwikkelings oangeande de fêstiging fan lytsere AZC's. Wethâlder Bijlsma is hiel bliid mei de moaie wurden. Noch yn de simmer sil der in útspraak frege wurde fan de ried oer it plak fan fêstiging fan in AZC. It giet by de nije ûntwikkelings yndied oer it ryksbelied dat de kant fan lytsere AZC's opgiet. It is teloarstellend mar ek wol begryplik dat it COA gjin bydrage leveret oan de ûndersykskosten. De gemeente giet ommers út eigen frije wil dit ûnder- syk útfieren. De foarsitter seit dat it fuortgeand ynsjoch net allinne mar oer lytsere sintra giet mar ek dat de druk fan út it ryk wei hiel grut is. De hear Aukes freget dat as de kommisje ta it oardiel komt dat der in lytser AZC komme moatte soe, dat dan ek oernommen wurdt. De hear Roorda seit dat hy net foarútrinne wol op de útkomsten fan it ûndersyk. Wethâlder Bijlsma seit dat der yn de simmer fan 1999 in winsk wie foar in lytser sintrum. Doe wie dat net mooglik. No liket it derop dat der wat rommere mooglikheden komme. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De foarsitter slút om 22.35 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar harren by drage oan diskusje en beslútfoarming en alle oaren foar harren oandacht. Hy winsket eltsenien wol thús. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 27 mgdnt 2001 de siktaris, (R.P. van der Starre) de foarsitter, Dijkstra) Side 10 notulen ried 20-02-2001/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 12