BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 20 febrewaris 2001 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder), H.G. Postma, J. Roorda en J. Zijlstra. Ofwêzich: de hear J. H. Smittenberg. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Berjocht fan behinde- ring is binnenkaam fan de hear Smittenberg. Hy stelt oan 'e oarder: 1It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 19 desimber 2001 en 16 jannewaris 2001 Yn it ferslach fan 19 desimber 2000 wurdt op fersyk fan mefrou Veldstra op side 4 de folgjende wizige sin opnommen: Har fraksje "fynt it tal kilometers noch net hielendal dúdlik". Ynachtnommen dizze wiziging wurdt it ferslach fierder net feroare fêststeld. It ferslach fan de gearkomste fan 16 jannewaris 2001 wurdt net feroare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 5: Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie zeer te spreken is over de wijze waarop het college hiermee om wil gaan. Nûmer 6: De hear Aukes seit dat der nochal wat argewaasje ûntstien is oer syn brief. It wie wat in koart briefke oer in saak dêr't folie mear oer te sizzen is. De útlis fan it kolleezje en de ûndernimmingsried is wat in oare dan hy tocht hie. Hy freget de ûndernimmingsried om him ris út te noegjen om útlis te jaan. Hy hat de brief skreaun om't mear minsken al wat sein hawwe oer de weryndieling: de kommissaris fan de keninginne, mear boargemasters, de VNG. As ûndergrins foar de grutte fan in gemeente wurdt op heden faak 35000 ynwenners steld. Rûnom yn Nederlân fine weryndielings plak. Hy is net fan doel om te sizzen dat ek in weryndieling fan Boarnsterhim oan 'e oarder wêze moatte soe. De bedoeling fan syn brief wie om ris in diskusje te hawwen mei ried en kolleezje oer hoe't der oer de takomst fan Boarnsterhim tocht wurdt. Miskien is Boarnsterhim noch wol moai op mjitte, mar litte we der yn elts gefal ris oer prate. Der steane ek stikelpunten yn syn brief, dêr't hy seker net de populariteitspriis mei winne sil, mar dêr sit hy ek net foar yn 'e ried. It spyt him tige dat it kolleezje net de diskusje oangean wol. In miste kâns yn dit léste jier foar de ferkiezings. It soe notulen ried 20-02-2001 /absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 3