Mevrouw Van den Berg wil graag reageren op de woorden van mevrouw Veldstra. De foarsitter konstatearret dat de ried net yn twadde termyn prate wol. Mevrouw Van den Berg zegt dat hetgeen haar fractie heeft gevraagd aan de beide fracties buiten de orde zou zijn omdat het een ingekomen stuk betreft. Zij wijst er daarom op dat een brief die aan het college wordt geschreven nooit op de agenda van de raad wordt gezet. De foarsitter seit dat yn it reglemint stiet dat as der fragen steld wurde as suggestjes dien wurde dy't de hiele ried oangean en mooglik konsekwinsjes hawwe kinne, op de list fan ynkommen stik ken setten wurde. Hy konstatearret dat sawol it brief fan de hear Aukes as it antwurd fan it kolleezje foar kundskip oannommen binne. Nûmer 7: De hear Janse seit dat de hear Ophof yn novimber in brief skreaun hat. Yn desimber is frege dit brief te behanneljen yn de kommisje. Dat is, tasein mar twa kommisjes fierder, noch net bard. Hy fynt dat der sa net mei boargers omgien wurde moat. Wethâlder Oosterhof seit dat de advokaat fan de hear Ophof op besite west hat. De hear Ophof is noch net yn de gelegenheid west syn motivearring oan it kolleezje troch te jaan. Pas neidat dat bard is kin it kolleezje in beslissing nimme. Nûmer 11: De hear Roorda seit dat de fragen goed beändere binne, mar it kolleezje is wat ôfwachtsjend. Dy hâlding liket syn fraksje net echt ferstannich om't der al in dúdlik reorganisaasjeplan op tafel leit dêr't út bliken docht dat de kearngemeenten harren seis goed bedele. Nei betinken fan syn fraksje leit Grou moai sintraal yn it wurkgebiet en mei it iepenhâlden fan it kantoar kin de tsjinstferliening optimaal op peil hâlden wurde. Miskien is in nij kantoar te yntegrearjen yn in nije gemeentehús. Syn fraksje ropt it kolleezje op nochris yn petear te hawwen mei it AMW. Wethâlder Bijlsma seit dat der in saaklike relaasje bestiet mei it AMW. De gemeente keapet sa- neamde "hulpeenheden" yn. It AMW tangelet al jierren om mei harren organisaasje. Der binne 17 lokaasjes en dat hinget finansjeel sjoen nochal swier om 'e nekke. Der sille in tal regionale kantoa- ren komme, mar dat betsjut net dat de tsjinstferliening yn 'e knipe komt. Op grûn fan de reorgani- saasjeplannen sil der in pré-advys útbrocht wurde. Dêr is it wachtsjen op foardat it kolleezje in stânpunt ynnimt. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 3. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de realisaasje fan In skûtsjemonumint yn Grou. De hear Roorda seit dat de mearderheid fan syn fraksje akkoart giet mei it útstel. It kolleezje hat ta sein by de maitiidsnota mei in notysje oer it gemeentlik keunstbelied te kommen. Utgongspunt soe dêrby wêze moatte alle doarpen sa gelyk mooglik te behanneljen as it giet om subsydzjeferstrek- king. Hy tinkt oan in jierliks basisbedrach it doarp mei dêr boppe op in bedrach de ynwenner. Syn fraksje giet der fan út dat der dan ek al in bepaald bedrach foar dit jier reservearre wurde sil, te dekken út ûnfoarsjoen. De heer B. de Jong zegt dat hij de minderheid vormt in zijn fractie. De woorden aangaande het kunstbeleid onderstreept hij. Hij vindt echter dat het skûtsjesilen, als levend monument, niet verstild Side 3 notulen ried 20-02-2001 /absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 5