De hear Janse freget oft der noch in bydrage út it akkommodaasjebelied of op in oare wize komt. De hear Van der Meulen freget oft de ried fynt dat Friens mear jild hawwe moat of net. Dêr moat dúdlikheid oer komme. Wethâlder Oosterhof seit dat Friens f 75.000,00 krijt. It akkommodaasjebelied is no net oan 'e oarder. Wethâlder Bijlsma seit dat Friens rjocht hawwe soe op f 50.000,00 neffens it 25%-belied. Friens krijt lykwols f75.000,00, it maksimumbedrach. It opsetten fan it akkommodaasjebelied is yn jan- newaris wer oppakt. Yn 'e maitiid is de oanset ta dat belied klear. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan it C.D.A. wurdt achte tsjinstimd te hawwen. Stimferklearring: De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje tsjinstimd hat sjoen de diskusje yn 'e ried om yn 'e ta- komst noch te sjen oft der wat ekstra dien wurde kin foar Friens. Der wurdt yn 'e ried stuntele mei it útstel. It jild soe no beskikber steld wurde moatte. Der moat net allinne wat ûnthjitten wurde. 6. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de realisaasje fan lytse rekreative foarsjennings. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 7. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar levering en pleatsing fan ferkearsbuorden yn it plan Lege Geaen en Dearsum. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it ferpleatsen fan de beboude komgrins fan Grou op it Hôflân. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie kan instemmen met het voorstel. Hij heeft eerder gevraagd de komgrens van Grou voor de spoorbaan vanuit Jirnsum te zetten. Hij vraagt het college vriendelijk alles in het werk te stellen om ook daar de komgrens te verplaatsen, gezien de gevaarlijke situaties die kunnen ontstaan. De foarsitter konstatearret dat dit léste net oan 'e oarder is. Hy beskôget de opmerking as in útstel dat op de gebrûklike wize yn behanneling komme kin fia de oanbelangjende kommisje. Mefrou Santema freget oft by de Biensma's brêge ek in buordsje mei in stigingspersintaazje setten wurde kin. Wethâlder Oosterhof seit dat hy dêr ris nei sjen sil. Der komt noch in laach asfalt op e brêge en belining. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 9. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar restauraasje monumint oarlochsslachtoffers yn Grou. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje fynt dat der in regulier budzjet foar fûn wurde moat. Wethâlder Oosterhof seit dat dit ek út it ûnderhâld betelle wurde kin. No is foar ûnfoarsjoen kea- Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Side 5 notulen ried 20-02-2001 /absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 7